Jillis Bruggeman
Jillis Bruggeman | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | om 1750 hinne | |
stoarn | 9 maart 1803 | |
stjerplak | Schiedam | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
Lêste Nederlanner dy't de deastraf krigen hat fanwegen homoseksualiteit |
Jillis Bruggeman (± 1750 - Skiedam, 9 maart 1803) wie de lêste persoan dy't om syn homoseksuele oriïntaasje yn Nederlân ta de dea feroardiele en ta de dea brocht waard. [1][2][3] De offisjele oanklacht wie vuyle ontugt. Hy waard terjochtsteld troch ophinging oan de stedsgalge op de Grutte Merk foar it stedhûs fan Schiedam. Acht jier letter, yn 1811, wie homoseksualiteit net langer strafber yn Nederlân.
Foar syn arrestaasje en feroardieling waard Bruggeman al langer ôfparse troch ien fan syn partners. [4] [5]
Schiedam hat sûnt 2015 in saneamde Jillis Bruggeman Penning, dy 't alle jierren útrikt wurdt op 9 maart. It is in ûnderskieding dy 't troch de Gemeente Schiedam tegearre mei de Stichting Jillis Bruggeman útrikt wurdt oan in organisaasje of persoan dy 't striidt tsjin diskriminaasje en ferfolging op basis fan seksuele identiteit, yn Nederlân of dêrbûten.
Yn 2017 is der njonken de penning ek in Jillis-Opsteker kaam, in priis foar regionale helden yn Súd-Holland-Súd dy 't in wichtige bydrage leverje oan it tsjingean fan lhbti-diskriminaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|