Springe nei ynhâld

Jezuïten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jezuïtysk)

De Jezuiten, mei de folsleine namme de Sosiëteit fan Jezus, is in de grutste Roomsk-Katolike kleasteroarder, dy’t yn 1534 oprjochte is troch in groep ôfstudearre studinten út Parys, ûnder lieding fan Iñigo Lopez de Loyola, better bekend ûnder syn Latynske namme Ignatius fan Loyola. De sosiëteit krige yn 1540 de goedkarring fan Paus Paulus III.

In pater Jezuyt set faak efter syn namme de ôfkoarting ‘S.J’ fan ‘Societat Jesu’. In soad Jezuiten binne leararen, mar hja hawwe ek wol oare wrâldske beroppen.

Il Gesù, memmetsjerke fan de Societas Jesu yn Rome.

De sosiëteit waard oprjochte as ûnderdiel fan de kontrareformaasje, dy’t ûntstien wie as reaksje op de reformaasje. Ignatius preke in fiergeande hearrigens oan de Skrift en de tsjerklike hiërargy. Hy sei dan ek: "Wy moatte leauwe dat it wyt wat ik sjoch swart is, at de hierargyske tsjerke dat sa seit, omdat wy leauwe dat der tusken Kristus ús hear en de tsjerke dy't Syn Breid is, deselde geast oanwêzich is, dy’t wurksum is en ús laat nei de rêding fan ús siel."

Ien fan de gebrûklikste metoaden fan de Jezuiten is de retrête. Hjirfoar komme minsken byelkoar om ûnder lieding fan in preester konferinsjes en meditaasjes by te wenjen. Dizze konferinsjes en meditaasjes gean foaral oer de sin fan it minsklike libben. De retrêtes duorje gewoanlik in oantal dagen of soms wurde se organisearre foar tritich dagen, in wiere retrête.

It motto fan de sosiëteit is “Ad Majorem Dei Gloriam”(‘Ta meardere eare fan God’). It drukt út dat elts wurk dat net duvels is, foar de himel fertsjinstlik is, at it mei dy bedoeling dien wurdt. Dat kinne ek hannelings wêze dy’t tige gewoan binne, lykas it byfollen fan de benzinetank.

De Jezuïte-oarder wurdt laat troch de Generaal- oerste (‘Praepositus generalis’). Sûnt 13 septimber 1983 hat de Nederlanner Peter-Hans Kolvenbach dy funksje. In Generaal- oerste wurdt keazen foar it libben.

Ignatius fan Loyola

De oprjochting fan de oarder fan de Jezuiten is net sûnder stjit of slach ferrûn. Ignatius fan Loyolo rekke op syn tritichste as ofsier ferwûne oan syn foet. Dit ynspirearre him om fromme literatuer te lêzen. En dat soarge derfoar dat er syn eigen oarder stiftsje woe.

Doe't Ignatius mei syn groep yn 1537 nei Rome gie krige er by it plakje La Storta in fisioen, wêryn Jezus Kristus mei it krús tsjin him sei: “Ego vobis Romae propitius ero” (Ik sil jim yn Rome tadien wêze). En ek sei dy: "Ik wol dat jo ús tsjinje." Dit fisioen wie foar Ignatius en syn folgelingen oanlieding yn Rome de Societas Jesu te festigjen.

De akseptaasje fan de oarder ferrûn muoisum. Ignatius waard in oantal kear finzennaam en ûnderfrege troch de Ynkwisysje. Hy kriich sprekferboaden en waard twongen om te ferhúzjen. Yn 1540 joech Paus Paulus III einliks goedkarring oan de sosiëteit.

Krityske yntellektuelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek nei de goedkarring hienen de Jezuiten it regelmjittich dreech. Jezuiten binne hast sûnder útsûndering krityske yntellektuelen, dy’t as yndividu gjin blêd foar de mûle nimme en ek op harren skoalle wurde learlingen opfieden ta krityske yntellektuelen. Dêrtroch wienen de Jezuiten yn in protte lannen, foaral ûnder totalitêre rezjyms, net botte wolkom. Sels waarden de Jezuiten, ûnder harren Teilhard de Chardin, yn 1904 út it dôchs liberale Frankryk ferbannen. Sy foelen doe de tiid net yn de smaak fan it anty-klerikale regear fan dy dagen.

  • 1491 - Iñigo wurdt berne yn in slot yn Baskenlân yn it adellike miljeu fan Loyola. Oant syn sânde jier wurdt hy opfieden yn de húshâlding fan María de Garín, de frou fan de lokale smid. Nei syn sânde jier fiedt syn suster him fierder op.
  • Iñigo giet studearen yn Parys. Hy en syn freonen stiftsje in nije religieuze oarder, de Jezuiten. Iñigo neamt himsels no Ignatius.
  • 31 july 1556 - Ignatius stjert. De Algemiene kongregaasje, it heechste gesach fan de oarder, wiist yn 1558 Diego Laynez oan as syn opfolger. By de dea fan Ignatius hat de oarder al mear as 1.000 leden. It ledetal sil waakse oant wol 15.000. De hiele wrâld is foar de earste generaasje jezuiten missygebiet. Jezuiten begelieden ûnder oaren geastlike oefenings en wurkje as aalmoezenier of as bychthear.
  • 1773 - Paus Klemens XIV heft de oarde op ûnder druk fan keningen. De hearskers Freark II en Katarina de Grutte fan Ruslân fiere de pauslike opjefte net út. Yn in pear lannen yn it easten, lykas Sina en Yndia, komt de opjefte sels nea oan. Hjirtroch koe de sosiëteit yn dizze lannen bestean bliuwe.
  • 1974-1975 - De Algemiene Kongregaasje beslút dat rjochtfeardigens it belangrykste wurk fan de oarder wurdt. Fan no ôf sil de oandacht nei de earmen en ferstjitlingen útgean.
  • 1995 - Op de 34e Algemiene Kongregaasje wurde guon fan de stiftingsteksten fan de soasjeteit aktualisearre. Ek moast it oarderrjocht oanpast wurde oan it algemiene tsjerklike rjocht.

Ferneamde Jezuïten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de ferneamdste Jezuiten wie Fransiskus Xaverius (1506-1552), misjonaris yn Aazje, fan wa't sein waard dat er mear minsken ta it katolisisme bekeard hat as Paulus.

Oare ferneamde Jezuïten binne :

Alle generaaloersten fan de Societas Jesu

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. 1541–1556 Ignatius fan Loyola
  2. 1558–1565 Diego Laínez
  3. 1565–1572 Franciscus Borgia
  4. 1573–1580 Everard Mercurian
  5. 1581–1615 Claudio Aquaviva
  6. 1615–1645 Mutio Vitelleschi
  7. 1646–1649 Vincenzo Carafa
  8. 1649–1651 Francisco Piccolomini
  9. 1652-1652 Luigi Gottifredi
  10. 1652–1664 Goswin Nickel
  11. 1664–1681 Gian Paolo Oliva
  12. 1682–1686 Charles de Noyelle
  13. 1687–1705 Thyrsus González
  14. 1706–1730 Michelangelo Tamburini
  15. 1730–1750 Franz Retz
  16. 1751–1755 Ignazio Visconti
  17. 1755–1757 Luigi Centurioni
  18. 1758–1775 Lorenzo Ricci
  19. 1805–1820 Tadeusz Brzozowski
  20. 1820–1829 Aloisius Fortis
  21. 1829–1853 Jan Philip Roothaan
  22. 1853–1887 Peter Jan Beckx
  23. 1887-1892 Anton Anderledy
  24. 1892–1901 Louis Martin
  25. 1906–1914 Franz Xaver Wernz
  26. 1915–1942 Wladimir Ledóchowski
  27. 1946–1964 Jean Baptiste Janssens
  28. 1965–1981 Pedro Arrupe
  29. 1983– Peter-Hans Kolvenbach

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]