Jeu de paume
Jeu de paume, wie it keatsspul sa't dat yn de Midsiuwen spile waard. Muontsen spilen it keatsspul binnen de muorren fan de kleasters fan Itaalje en Frankryk. Dy muorren makken it spul al oars, om't de bal hast net mear út spile wurde koe. It waard tastien om de bal fia de muorre nei de oare side fan it fjild te spyljen.
Fansels hie elts kleaster syn eigen regels. Mar fan de 11e iuw ôf kaam der, troch it reizgjen fan de muontsen, genôch oerienkomst om fan ien spul sprekken te kinnen, it "Jeu de Paume": "Spul fan de hân"; wy soenen sizze: "hânspul". It hânspul waard sa folle spile dat de paus de muontsen yn de 14e iuw it spyljen ferbean hat. Mar doe wie it spul al troch oaren, wêrûnder de eallju, oernaam.
Om 1500 hinne kaam út it "Jeu de Paume" it hoftennis fuort. Yn dy tiid waard der mei wanten spile, dy't grutter en grutter waarden om fierder rikke te kinnen. Hjir wie in protte diskusje oer, of dat al of net in ferbettering waard. Mar mei it ynfieren fan trieden tusken de fingers, en dan it racket, feroare it spul sa folle dat it net langer as itselde spul sjoen wurdt. In útsûndering derby is Frankryk dêr't it hoftennis ek hjoed noch as "Jeu de Paume" oantsjut wurdt.