Jetty Mathurin
Jetty Mathurin | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Harriette Marie Mathurin | |
nasjonaliteit | Surinaamsk Nederlânsk | |
berne | 30 juny 1951 | |
berteplak | Paramaribo | |
jierren aktyf | 1985-no | |
offisjele webside | ||
www.jettymathurin.nl |
Jetty Mathurin (Paramaribo, 30 juny 1951) is in Nederlânske kabaretiêre, presintatrise, aktrise, kollumniste en logopediste fan Surinaamske komôf. Ien fan har bekendste personaazjes is Taante, in personaazje wêrmei't hja sûnt 1985 op de planken stiet.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mathurin is fan hûs út ûnderwizeres en logopediste. Se hie in eigen praktyk en wurke op skoallen. Ein jierren 80 makke se in oerstap nei de teäter- en telefyzjewrâld. Mathurin treedt sûnt 1989 op as kabaretiêre en wie te sjen yn goed tsien soloprogramma's wêrûnder HM Regeert (2006). Yn 2007 wie har sânde soloprogramma mei de tapaslike titel 7 te sjen. Yn 2010 en 2011 spile sy har jubileum toernee: Jetty Jubileert met liefde en overvloed. Dêrnei wie noch te sjen ConsulTaante en yn 2015 stie sy yn de teäters mei de solokabaretfoarstelling # LOL. Yn 2017 folge De overdracht, har alfde kabaretprogramma. Neist har eigen teäterprogramma's spile se yn 1989 Iris yn de monolooch mei deselde namme fan Thea Doelwijt. Fierder wie se te sjen yn teäterprogramma’s as Faja, De Koningin van Paramaribo (fan Clark Accord ), Beperkt Houdbaar fan MC teater, Thuis en De Vagina Monologen.
Op telefyzje begûn se as presintatrise fan it VPRO berneprogramma Wie, wat, waar, hoelaat. Grutte bekendheid krige se troch har rol as Smorrie yn de telefyzjesearje Vrouwenvleugel, winner fan de Gouden Televizier-Ring 1994. De aktrise wie ek ien fan de fêste spilers yn Oppassen!!!! en Bradaz. Fierders hie hja rollen yn û.o. Baantjer, Costa, Blauw Blauw, Otje en Boks. Yn 2016 spile se de mem fan Tara yn de searje Centraal Medisch Centrum.
Op it wite doek hat se ûnder oare te sjen west yn de suksesfolle film Madame Jeanette, yn Ochtendzwemmers en de bekroande koarte film You II. De aktrise is ek in stimakteur dy't faak frege wurdt en sprekt geregeld kommersjals, animaasjefilms, bedriuwsfilms yn, lykas de Disneyfilm Cars en de animaasjesearje De Grote Hummimummi Karaoke Show! Ein 2017 wie der in krystspecial fan dizze lêste searje te sjen op telefyzje en yn de bioskoop.
Se wurket al jierren op mei har dochter Glynis Terborg dy't ûnder oare teksten foar har skriuwt en har management docht. Har oare dochter Nicole Terborg is bekend as presintatrise foar radio en telefyzje.
Yn it teäterseizoen 2011-2012 spilet Jetty mei yn de musical Daddy Cool mei hits fan Boney M. Yn teäterseizoen 2018 -2019 hie Mathurin de rol fan Opoe in 't schaep de musical. Kollumniste wie se ûnder oare by Radio Rijnmond, Formule 1 (NPS) en it blêd Contrast. Ek skreau se kollums foar it tydskrift Colorfull.
Jetty Mathurin rjochte de stichting Jetty Mathurin en Stichting Taante Bemoeit op. Mei dy stichtingen set sy har yn foar ferskate goede doelen sawol yn Nederlân as yn Suriname.
Mathurin wennet yn Amsterdam. Yn 2017 waard har de Frans Banninck Cocqpenning fan de gemeente Amsterdam takend. De kabaretiêre ûntfong de peinje net allinnich fanwegen it feit dat sy as de earste swarte froulike kabaretier it teäterlânskip yngeand feroare hat, mar benammen fanwegen har jierrenlange belutsenens by sosjaal-maatskiplike projekten yn Suriname en Nederlân. Se realisearre bygelyks in ambulânse-projekt en stipe in âldereinklinyk yn Suriname. Se helpt allinnichsteande memmen yn de skuldhelpferliening en treedt geregeldwei ûnbaatsuchtich op om alderhanne sosjale projekten te stypjen. Dêrneist betsjut hja in soad foar de kwaliteit fan de soarchferliening yn Nederlân troch yn soarchsintra spesjale foarstellingen te fersoargjen.
Yn 2020 naam die sy mei oan de 'BN-ers special' fan First Dates. Sy spile Elly yn De familie Claus 2 yn 2021. Yn de telefyzjefilm Herman vermoordt mensen út 2021 spile sy meibewenster Gerda en yn 2022 spile se mei yn Goede Tijden, Slechte Tijden as buorfrou Betsy, de buorfrou fan húshâldster Lynn de Gruiter dy't wurket foar Ludo en Jeanine Sanders.
Jetty Mathurin krige yn 2018 de Gouden Vioolspeld nei de Sophie Redmond-lêzing.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDb-profyl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk logopedist
- Nederlânsk telefyzje-akteur
- Nederlânsk filmakteur
- Nederlânsk kabaretier
- Nederlânsk komyk
- Nederlânsk kollumnist
- Nederlânsk filantroop
- VPRO-wurknimmer
- Surinaamsk ûnderwizer
- Surinaamsk logopedist
- Surinaamsk telefyzje-akteur
- Surinaamsk filmakteur
- Surinaamsk kabaretier
- Surinaamsk komyk
- Surinaamsk kollumnist
- Surinaamsk filantroop
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf
- Persoan berne yn 1951