Springe nei ynhâld

Jessica Broekhuis

Ut Wikipedy
Jessica Broekhuis
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Jessica Broekhuis (rjochts efter) yn it team fan Tros Triviant (1991)
Jessica Broekhuis (rjochts efter) yn it team fan Tros Triviant (1991)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jessica Broekhuis
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1964
berteplak Hilfertsom
wurkpaad
wurksum as Presentatrise,
medium Televyzje
jierren aktyf 1990-1999

Jessica Broekhuis (Hilfertsom, 1964) is in earder telefyzjepresintatrise by de AVRO, Veronica en RTL 4.

Broekhuis studearre kommunikaasjewittenskippen en politikology oan de Universiteit fan Amsterdam.

Yn 1990 en 1991 presintearre hja mei ûnder oaren Carlo Boszhard it jongereinprogramma fan de AVRO, Pauze-TV. Fan 1991 oant 1993 presintearre se it programma Forza TV tegearre mei Humberto Tan. Yn 1993 presintearre se it filmmagazine TV-Film fan de AVRO dat alle wiken útsjoerd waard. Sy brúts lykwols net wier troch op telefyzje. Tusken 1995 en 1999 presintearre se noch in tal belspultsjes (Call TV) by Veronica, lykas Wekdienst, Cracks of kruks en Van 2 tot 4 op 6.

Dêrnei rekke se ferslaafd oan gokken, drank en drugs. Se waard yn in ferslavingsklinyk yn Súd-Afrika behannele. Yn 2016 publisearre se it boek "STOP" oer har drank-, coke- en gokferslaving.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL