Oehoe
oehoe | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Bubo bubo | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel |
De oehoe (Bubo bubo) is de grutste ûlesoart. Lykas by de measte ûlen is it wyfke mei sa'n 67 sm in stik grutter as it mantsje, dat 61 sm grut wurdt. In mantsje weaget tusken de 1900-2800 gram, in wyfke kin wol in gewicht hawwe oant 4200 gram. De Oehoe hat brune en grize fearren mar is foaral wer te kennen oan syn grutte kop mei lange donkere earfearren dy't nei de sydkanten útstekke. Fierder hat de fûgel in swarte heaksnaffel dy't gruttendiels net te sjen is tusken de fearren. Oan de poaten hat de Oehoe 2-4 sm grutte klauwen dêr't er grutte proaidieren mei pakke kin.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Oehoes briede it leafst yn in hoale yn in rotswand. Mar se briede ek wol op âlde rôffûgelnêsten yn beammen. It wyfke leit 2-3 aaien en briedt de aaien allinnich yn 34 dagen út. Se moat ek sels foar har iten soargje en giet derom ien of twa kear deis te jeien. De jongen ferlitte nei sa'n 28-30 dagen it nêst en skarrelje wat yn de buert fan it nêst om. Nei 50 dagen kinne de jonge ûlen fleane.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat de Oehoe in grutte rôffûgel is kin er ek grutte proaidieren pakke. Hy yt eins alles wat er pakke kin, lykas rotten, mûzen en hazzen, mar ek fûgels lykas krieen, dowen en einen. Yn de spuiballen fan oehoes binne resten fûn fan sa'n 50 ferskillende sûchdiersoarten en sa'n 180 fûgelsoarten. Sels stikelbargen kin de Oehoe te pakken krije.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utsein it úterste noarden komt de Oehoe yn sawat hiel Europa en Aazje foar, en ek noch yn it noarden fan Afrika. Yn West-Europa komt hy net foar yn it noarden fan Frankryk en ek net yn Grut-Brittanje.
Yn 1997 waard foar it earst yn Nederlân in briedend Oehoepearke fêststeld op de Sint-Pitersberch by Maastricht. Dêrnei naam it tal Nederlânske pearkes stadichoan ta. Yn 2004 wiene dat fiif en yn 2022 wiene der al likernôch 80 briedpearen. Yn 2022 hat de Oehoe ek yn it súdeasten fan Fryslân besocht te brieden en dat wie it earst bekende briedgefal yn ús provinsje.[1][2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Oehoe
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Yndia