Springe nei ynhâld

Jeropeesk Kazakstan

Ut Wikipedy
Kazakstan yn East-Jeropa.

Jeropeesk Kazakstan is it gebiet yn Kazakstan dat geografysk by Jeropa heard. It is it relatyf lytse, meast westlike part fan it lân, it wurdt troch de rivier de Oeral fan Aazje skieden en foarmet sadwaande it uterste easten fan Jeropa.

It gebiet wurdt beheine troch Ruslân yn it noarden en it westen, troch de rêst fan Kazakstan yn it easten en troch de Kaspyske See yn it suden. De súdlike helte wurdt rûchwei ynnaam troch in sintrale en meast noardlike part fan de Kaspyske Leechflakte.

Jeropeesk Kazakstan yn de Sovjet-Uny.

Jeropeesk Kazakstan hat twa grutte stêden. Oral leit yn it noardeasten oan de rivier de Oeral, der wenje likernôch 195.000 minsken. De oare grutte stêd is Atiraw yn it súdeasten op de delta fan de Oeral, it hat likernôch 142.500 ynwenners. Fierders binne der noch lytsere stêden as Kaztalovka, Urda en Dzhanybek yn it westen.

Guon minsken beskôgje alles yn Kazakstan dat westlik fan it útrekte berchtme de Oeral leit as Jeropeesk Kazakstan. Op dy manear hoecht de Jeropeesk-Azjatyske grins yn Oral gjin bocht te nei rjochts te meitsje (en slút it Kazakske part fan Jeropa better oan op it Russyke part, dat breder is omdat it ek troch de Oeral begrinze wurdt). Yn it ornearjen wurdt de Emba as grins sjoen. Dizze definearring komt fan it wurk fan de Sweedske geograaf Philip Johan von Strahlenberg, dy’t yn 1730 in boek publisearre mei de namme “Ruslân, Sibearje en Tartarije (Ruslân observearre). Hjiryn tekene hy nije lânkaarten fan gebieten oer gânsk Ruslân, en stelde hy de grins tusken de wrâlddielen Jeropa en Aazje fêst yn it Russysk territoarium. Dizze grins folget de toppen fan it Oeral-berchtme, dêrnei it legere part fan de rivier Emba oant de mûning yn de Kaspyske See. Tsarina Anna I oanfurdige yn 1730 Von Strahlenberg syn foarstel, wêrtroch dizze grins algemien oanfurdige rekke yn de wittenskiplike literatuer.