Jentje Epeus Cats
Mr. Jentje Epeus Cats, (Ljouwert, 27 maart 1793 - dêre, 2 augustus 1853), wie de soan fan Epeus Cats en Anna Reinoudina Manger. Troude op 2 juny 1815 mei Dodonea Jacoba van Bienema ( 3 novimber 1793 - 22 maart 1852), dêr't er twa soannen by hie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cats studearre fan 1809 - 1813 yn Grins en promovearre dêr ek. Waard yn 1804 ûntfanger fan de registraasje It Hearrenfean en yn 1816 sekretaris fan de gritenij Ljouwerteradiel. Troch de stimhawwenden fan dy gritenij waard er 1 juny 1819 keazen ta lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1829 gie er by de wiziging fan it provinsjaal bestjioer oerienkomstich it keninklik beslút fan 2 augustus 1825 oer nei it kiesdistrikt Burgum. Op 11 july 1829 keas Provinsjale Steaten him ta lid fan Deputearre Steaten en op 8 july 1830 ta lid fan de Twadde Keamer. Troch dy lêste beneaming ferfoelen de beide earste lidmaatskippen.
Cats hie yn de Keamer in soad gesach, hy wie ien fan de tsjinstanners fan de geheimhâlding op finansjeel gebiet. Al op 24 febrewaris 1831 waard er troch de Kening beneamd ta lid fan in kommisje om dy't mei foarstellen komme moast oer grûnwetswersjenning. Troch de loop fan de omstannichheden, dy't de kening hieltiten wer hope joegen op fannijs feriening mei Belgje, is fan dy foarsstellen neat op de hispel komd. Cats hold op 2 juny 1840 yn de Keamer in rede, wêryn't er fan syn belied rekkensskip ôflei.
Wie yn 1834 beneamd ta rjochter yn de rjochtbank fan earste oanlis yn Ljouwert. Op 16 septimber 1838 waard hy beneamd ta riedshear yn it doe oprjochte provinsjaal gerjochtshof fan Fryslân. Omdat hy stadichoan ynseach, dat it keamerlidmaatskip min mei syn amt fan riedshear te kombinearjen wie frege hy yn 1840 ûntslach. Op 21 septimber 1847 waard er fice-presidint fan it gerjochtshof en bleau dit oant syn dea. Op 9 septimber 1848 waard hy noch troch de Fryske Steaten keazen as lid fan de dûbelde Keamer ta beoardieling fan de útstellen ta wiziging fan de grûnwet.
De Bosch Kemper (dl. VII, kol. 696) hat Cats syn neilitten oantekenings brûkt foar syn Skiednis fan Nederlân fan 1830-1848.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |