Springe nei ynhâld

Stasjon Jellum-Boksum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jellum-Boksum)
Stasjon Jellum-Boksum
Stasjon Jellum-Boksum (1931) Makker: F.W. Scholte
Stasjon Jellum-Boksum (1931)
Makker: F.W. Scholte
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Jellum
adres Hegedyk
koördinaten
arsjitektuer
stasjonskoade Jbx
iepening 16 juny 1883
sluting 15 maaie 1938
boujier 1882
sloopjier 1958
oare ynformaasje
spoarline Spoar fan Ljouwert nei Starum
kaart
Stasjon Jellum-Boksum (Ljouwert)
Stasjon Jellum-Boksum

Stasjon Jellum-Boksum ( Jbx) wie in stopplak tusken Boksum en Jellum oan it spoar fan Ljouwert nei Starum; it lei by de krusing mei de Hege Dyk.

It stasjon is boud yn 1882, mar kaam earst yn gebrûk doe't 16 juny 1883 it spoar fan Ljouwert nei Snits iepene waard. It waard likernôch 55 jier brûkt, mar waard 15 maaie 1938 sletten, tegearre mei de oare lytse stasjons oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Lykas dy oare stasjons waard it yn 1940 noch koart brûkt: it waard op 1 juny wer iepene, mar op 24 novimber wer sletten.

It stasjon wie it earste tuskenstasjon op de rûte, op goed 5 kilometer fan it stasjon yn Ljouwert. Sa'n twa kilometer fierder nei it suden kaam dan Stasjon Bears. Yn de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren wurdt songen oer it sjongen fan "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!" Of dat ek wer in liet wie, en wêrom it stasjon sa wiidferneamd wie, wurdt der lykwols net by sein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: