Jehannes de Dopertsjerke (Tver)
Jehannes de Dopertsjerke
Иоанно-Предтеченская церковь | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 56° 51' N 35° 52' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1784-1834 | |
arsjitekt | Ivan Fedorovitsj Lvov | |
boustyl | Klassisisme |
De Jehannes de Dopertsjerke (Russysk: Иоанно-Предтеченская церковь) is in otterdoks tsjerkegebou fan it bisdom Tver yn de russyske stêd Tver.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard tsjin it ein fan de 18e iuw en oan it begjin 19e iuw boud yn de foarm fan it iere klassisisme.
Fan 1921 oant 1928 tsjinne Nikolai Pavlinov as diaken yn de parochy fan de tsjerke. Pavlinov waard troch de bolsjewiken fermoarde en yn 2001 hillich ferklearre.
De tsjerke waard sletten yn de jierren 1930 en dêrnei brûkt as pakhûs en atelier. Yn de jierren 1975-1978 wie der in restauraasje. Eartiids lei der in begraafplak by de tsjerke, dat nei de Oktoberrevolúsje as stoart brûkt waard foar boupún.
Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard yn 1997 foar in diel oerdroegen oan de otterdokse mienskip. Nei in restauraasje fine der yn de tsjerke sûnt 1998 wer regelmjittich tsjinsten plak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Александра Невского (Тверь)
|