Jehannes de Dopertsjerke (Jeruzalim)
Jehannes de Dopertsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Jehannes de Dopertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | 113 Christian Quarter Road | |
koördinaten | 31°46' N 35°13' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Gryksk-Otterdokse Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw | |
Kaart | ||
De Jehannes de Dopertsjerke is in lyts tsjerkegebou yn 'e kristlike wyk fan 'e âlde stêd yn Jeruzalim, Israel. De stifting fan 'e tsjerke giet lykwols werom op 'e fyfte iuw en dêrmei heart de Jehannes de Dopertsjerke ta de âldste tsjerken fan Jeruzalim. De tsjerke wurdt al iuwenlang beheard troch muontsen fan it oanbuorjende gryksk-otterdokse kleaster. Alhoewol't de tsjerke in opfallende gouden koepel hat, is de tagong fanôf de Christian Quarter Road nei de tsjerke dreech te finen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nei it hillige lân ferballe frou fan 'e keizer Teodosius II, dy't fan 408 oant 450 oer it East-Romeinske Ryk reagearre, Aelia Eudocia, stifte oan it begjin fan 'e 5e iuw meardere tsjerken yn Jeruzalim. Dêrûnder wie ek de oan Jehannes de Doper wijde tsjerke. Dy tsjerke waard yn it jier 614 ferneatige troch de Perzen, mar troch de patriarch fan Aleksandrje wer opboud.
Yn 1170 lieten de krúsridders oer de Byzantynske tsjerke de tsjintwurdige tsjerke bouwe. De foargonger waard ûnderdiel fan it yn 1073 troch súditaljaanske keaplu stifte pylgershospitium. It hospitaal lei noardlike fan 'e tsjerke, yn 'e Muristan. Under it belis fan Jeruzalim yn 1099 waarden yn 'e tsjerke de ferwûne krúsridders fersoarge. Krúsridders, dy't yn 'e Jehannestsjerke troch de fersoarging better woarn wiene, rjochten letter út tankberens de Oarder fan Hospitaalridders fan Jehannes op. Dy oarder ûntwikkele him letter ta de Johanniter Oarder, de militêre oarder dy't in grutte rol spylje soe by it ferdigenjen fan it Hillige Lân. Nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 ferhûze it hospitaal nei Acre en nei de fal fan Acre yn 1291 nei Syprus en Rodos.
Iuwenlang waard de Byzantynske tsjerke net mear brûkt en wie de tsjerke folle mei pún. By it leechheljen fan 'e romte yn 'e 19e iuw waard njonken oare fynsten yn it metselwurk fan it alter in prachtich reliquarium ûntdutsen. De tsjerke wurdt brûkt troch muontsen fan 'e Gryksk-Otterdokske Tsjerke. It ynterieur is ryk fersierd en hat in grien-fergulde ikonostaze. Under de koepel is it symboal fan 'e Hillige Geast te sjen. Fierder binne der yn it ûnderste diel fan 'e koepel acht brânskildere ramen ynbrocht.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in ienfâldige gevel mei foar in diel noch Romeinsk boumaterjaal, trije apsissen en in lange narteks. It nivo fan 'e tsjerke leit twa meter ûnder it tsjintwurdige nivo fan 'e strjitte; de krypte (de Byzantynske tsjerke) noch trije meter djipper. De krypte is allinne fan bûten yn te gean. Oan 'e muorre hinget in ôfbyld fan 'e stifter keizerin Eudocia, dy't fanwegen har grutte tal tsjerkestiftings ek faak de twadde Sint-Helena neamd wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|