Springe nei ynhâld

Jehannes de Dopertsjerke (De Hommerts)

Ut Wikipedy
Jehannes de Dopertsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak De Hommerts
adres Jeltewei 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1875-1877
arsjitekt P. de Jong
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39787
offisjele webside
PKN Jutryp-De Hommerts

De Jehannes de Dopertsjerke (earder bekend as de Herfoarme tsjerke) oan de Jeltewei yn De Hommerts is it tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Jutryp-De Hommerts.

Neffens in tekening út 1722 wie de oarspronklik oan Jehannes de Doper wijde midsiuwske tsjerke in goatysk bouwurk mei steunbearen, in wat smeller koer en in westlike toer met sealtek.

Van Dam-oargel

Yn 1741 waard dy midsiuwske tsjerke ferfongen troch in nije tsjerke. De ôfbraak fan de sealtektoer fûn plak yn 1820, doe't de tsjerke in nije spits krige. Fan dat fierder ienfâldige tsjerkegebou is in ôfbyld bewarre bleaun. De tsjerke krige yn 1869 in nij oargel fan Van Dam út Ljouwert.

Op 29 july 1875 waard besletten ta de bou fan in nije, rommere tsjerke mei toer. Dy eklektyske nijbou stiet súdlik en mear eastlik fan de âlde tsjerke en waard op 2 febrewaris 1877 yn gebrûk nommen. Nei't it Van Dam-oargel yn de nije tsjerke in plak krige hie waard de âlde tsjerke fan 1741 ôfbrutsen.

Yn 1967 waard it beslút nommen om de herfoarme tsjerkfâdijen fan De Hommerts en Jutryp gear te foegjen ta de tsjerkfâdij fan de gemeente Jutryp-De Hommerts. Om't it ûnderhâld fan twa tsjerken dy't tsien minuten geans fan inoar stiene te djoer waard is doe besletten de tsjerke fan Jutryp op te jaan. Dy tsjerke is oan de gemeente Wymbritseradiel foar ôfbraak ferkocht en yn 1976 sloopt. Om't de tsjerkebanken fan Jutryp wat better sieten ferhûzen de banken nei De Hommerts.

Troch bliksemynslach yn 1984 moast de spits ferfongen wurde. Trije jier letter sette in foarsichtige gearwurking mei de grifformearden fan De Hommerts-Jutryp útein. De gearwurking resultearre op 1 jannewaris 1991 yn in federatyf ferbân fan de herfoarmen en grifformearden. Yn 2001 waard de grifformearde tsjerke oan de Jeltewei foar it lêst brûkt. De grifformearden tsjerken fanôf dy tiid wer yn de Jehannes de Dopertsjerke. It federative ferbân waard yn 2006 omset yn de Protestantske Gemeente Jutryp-De Hommerts.

Restauraasje 2019-2020

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch in subsydzje fan de ryksoerheid waard it mooglik de tsjerke yn 2019 te restaurearjen. Yn de maaitiid fan 2020 waard de tsjerke wer foar tsjinsten iepene. De meast opfallende feroaring yn de tsjerke is dat de tsjerkebanken ferfongen binne troch stuollen.[1]

It oargel fan de tsjerke waard yn 1869 troch Van Dam út Ljouwert boud. Yn 1925 wreide Bakker & Timmenga it út mei in frij pedaal. De firma Mense Ruiter restaurearre it ynstrumint yn de jierren 1980. Dêrby waard it oargel wer yn de oarspronklike disposysje werom brocht. It pedaal fan Bakker & Timmenga bleau by de lêste restauraasje hanthavene.

Yn de toer hinget in yn 1624 troch Franciscus Simon en Andreas Overtin getten klok.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: