Jehannes Meyssens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jehannes Meyssens
Art-1300258.svg keunstner
Gravuere Jan Meyssens troch syn soan Cornelis Meyssens
Gravuere Jan Meyssens troch syn soan Cornelis Meyssens
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joannes Meyssens
berne 17 maaie 1612
berteplak Brussel
stoarn 18 septimber 1670 (58 jier)
stjerplak Antwerpen
wurkpaad
wurksum as Graveur, skilder, drukker
streaming Barok
bekendste
  wurk(en)
Sjoch tekst

Jehannes Meyssens, ek wol Jan Meyssens (Brussel, 17 maaie 1612Antwerpen, 18 septimber 1670), wie in Súd-Nederlânsk barokskilder, graveur en drukker. Hy wie de heit fan Cornelis Meyssens.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn Brussel, mar ferhuze nei Antwerpen doe't er noch jong wie. Hy waard dêr master by it Sint-Lukasgilde yn 1640. Hy boaske oan Anna Jacobs (stoarn 1678); harren soan Cornelis waard ek graveur.

Jan Karol Chodkiewicz

Hy wurke gear mei skilders en graveurs en de saken giene goed. Hjoed de dei is er foaral bekend fan syn printeboek Image de divers hommes d'esprit sublime qui par leur art et science devront vivre eternellement et des quels la lovange et renommée faict estonner le monde, A Anvers mis en lumiere par Iean Meyssens peinctre et vendeur de lart au Cammestraet l'an .M.DC.XLIX dat yn 1649 publisearre waard. Dat boek, mei portretten fan ferneamde lju, ek in protte skilders, waard letter wer brûkt as boarne foar keunsthistorisy. Fral bekend is Cornelis de Bie syn Het Gulden Cabinet (Antwerpen, 1662), dy't dat wurk skreau op oanstean fan Meyssens. Yn 1694 waard der in Ingelske ferzje publisearre yn Londen mei de titel The True Effigies Of the most Eminent Painters, and other famous artists that have flourished in Europe.

De Frânske teksten dy't Meyssens ûnder eltse plaat sette waarden letter brûkt as biografyske ynformaasje troch keunsthistorisy lykas Filippo Baldinucci, Joachim von Sandrart en Arnold Houbraken.

Hy beynfloede Theodoor van Merlen (1602/1606-1659).

Fierder lêze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.