Filippo Baldinucci

Ut Wikipedy
Filippo Baldinucci
keunstner
Filippo Baldinucci
Filippo Baldinucci
persoanlike bysûnderheden
berne 1624
berteplak Florâns
stoarn 1 jannewaris 1697 (71 jier)
stjerplak Florâns
wurkpaad
wurksum as Biograaf, skilder
perioade barok
bekendste
  wurk(en)
Notizie de' professori del disegno da Cimabue in qua

Filippo Baldinucci (Florâns, 1624 - dêre, 1 jannewaris 1697) wie in Italjaansk keunsthistoarikus en keunstskilder út de 17e iuw dy't beskôge wurdt as de wichtichste - Florantynske - biograaf fan keunstners út de barokperioade.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filippo kaam út in grutte Florentynske famylje en krige ûnderrjocht fan de jezuïeten mei de bedoeling geastlike te wurden. Hy sette dy stúdzjes lykwols net troch om yn 1664 bibletekaris te wurden by de famylje de Medici, benammen kardinaal Leopold de Médici, broer fan de gruthartoch. De kardinaal wie ek mesenas en Baldinucci advisearre him dêrby. Nei de dea fan de kardinaal waard die konservator fan de gruthartochlike keunstkolleksje.

Hy wie in baas tekener, kopiearre faak religieuze wurken en makke portretten fan sibben. Hy woe lykwols it leafst skriuwer wurde. Hy hie de ambysje om de nije Giorgio Vasari te wurden troch it ferfangen en ferbetterjen fan de biografyen fan keunstners en it oanfoljen mei Frânske en Flaamske keunstners dy't troch Vasari oer de holle sjoen wiene. Baldinucci's wichtichste wurk wie Notizie de' professori del disegno da Cimabue in qua.

Baldinucci makke him in namme as ien fan de meast wichtige keunstkenners fan Italië en lei ek sels in mânske samling oan. Hy katalogisearre de 'kolleksje de Medicis' fannijs en heakke der tekeningen en skilderijen oan ta. Hy brûkte nije organisaasjetechniken mei it doel der de modernste keunstkolleksje - fan dy tiid - fan te meitsjen.

Syn eigen kolleksje fan ûngefear tûzen tekeningen ferfoel oan de famylje Strozzi en waard yn 1806 oankocht troch it Louvre.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frontside fan in bân fan de Notizie

In kar:

  • Comminciamento e progresso dell'arte dell'intagliare in rame colle vite di molti de' più eccellenti maestri della stessa professione... Firenze (1667).
  • Vocabolario Toscano dell'Arte del Disegno, nel quale si explicano i propri termini e voci, non solo della Pittura, Scultura, & Architettura; ma ancora di altre Arti a quelle subordinate, e che abbiano per fondamento il Disegno. Firenze (1681), fannijs printe 1976.
  • Notizie de' professori del disegno da Cimabue in qua, 6 dielen, (Firenze 1681-1728), foar in part postúm publisearre, fannijs printe yn 1975.
  • in Historiek van de gravure (1686)
  • Tal fan biografyen:
    • Vita del cav. Gio. Lorenzo Bernino, Lettera a Vinc. Capponi, Veglia sulle Belle Arti, Lezione accademica by diel 2 fan de Notizie (1682), útjûn troch keninginne Kristina fan Sweden twa jier nei syn ferstjerren.