Springe nei ynhâld

Jehan II fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jehan II fan East-Fryslân)
Jehan II fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum 29 septimber 1538
berteplak Auwerk
stjerdatum 29 septimber 1591
stjerplak Stickhausen
Greve fan Eastfryslân
regear 15611591
foargonger Anna fan Aldenburch (regintesse)
opfolger Edzard II

Jehan II fan Eastfryslân (Auwerk, 29 septimber 1538 - Stickhausen, 29 septimber 1591) wie de jongste soan fan Enno II fan Eastfryslân en Anna fan Aldenboarch. Meidat syn mem yn 1558 de primogenituer ôfskaft hie, waard hy mei-greve fan Eastfryslân.

By it houlik fan syn broer Edzard mei Katarina fan Sweden yn 1559 wie hy meireizge nei Stockholm en hie in affêre mei de suster fan de breid, Sesilia. Dit soe him min foldwaan, want hy waard dêrfoar ta de dea feroardield. It wie mar troch de tuskenkomst fan kening Elisabeth I fan Ingelân, dat it fûnnis net útfierd waard. Jehan soe dêrnei de rest fan syn libben frijfeint bliuwe. Nei de dea fan harren broer Kristoffel gie de machtsstriid tusken de twa oerbliuwende broers troch. De striid late ta in feitlike twadieling fan it greefskip, temear omdat Edzard lutersk wie, en Jehan, krektas syn mem, oanhinger wie fan it kalvinisme. Nei de dea fan Jehan yn 1591, doe't Edzard allinnich hearske, blykte it gesach fan de greven fan Eastfryslân ferswakke.