Springe nei ynhâld

Jean-Louis Trintignant

Ut Wikipedy
Jean-Louis Trintignant
akteur
Jean-Louis Trintignant yn 2007
Jean-Louis Trintignant yn 2007
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean-Louis Trintignant
nasjonaliteit Frânsk
berne 11 desimber 1930
berteplak Piolenc
stoarn 17 juny 2022
stjerplak Uzès
jierren aktyf 1955-2022

Jean-Louis Trintignant (Piolenc, 11 desimber 1930 - Uzès, 17 juny 2022) wie in Frânsk akteur. Trintignant waard bekend as de beskromme man fan Brigitte Bardot yn 'e skandaalfilm Et Dieu... créa la femme. Tsien jier letter, yn 1966, hie er fannijs sukses mei syn haadrol, njonken Anouk Aimée, yn Un homme et une femme. Dêrnei draaide de filmkarriêre fan Trintignant yn tweintich jier op folle toeren: tusken 1966 en 1986 wie er te sjen yn santich films. Fan de ein fan de tachtiger jierren ôf ferskynde er minder en minder op it wite doek oant 2012 doe't de tragyske dramafilm Amour him wer yn it skynljocht sette. Trintignant wie koart troud mei aktrise Stéphane Audran. Ut syn houlik mei sineaste Nadine Trintignant hat er trije bern, Marie, Pauline en Vincent . Syn âldste dochter Marie waard yn 2003 troch har freon Bertrand Cantat fermoarde. Jean-Louis Trintignant ferstoar yn 2022, yn de âldens fan 91 jier.