Java Bank

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bankbiljet fan Nederlânsk-Ynje (1939)
Kantoar yn Amsterdam fan de Bijbank Javasche Bank (2008)

De Javasche Bank (ek wol de Java Bank) wie yn it earstoan in gewoane bank en letter de nasjonale bank fan Nederlânsk-Ynje; de bank hat formeel fan 1863 oant 1953 bestien. Yn 1951 wie de bank al oernaam troch it Yndonezysk regear. Yn 1953 waard hy de sintrale bank fan Yndoneezje en waard de namme feroare yn Bank Nasional Indonesia (BNI) en no hjit de sintrale bank Bank Indonesia (BI).

De oprjochter fan de Java Bank wie de bankier C.F.W. Wiggers van Kerchem, dy't doe tagelyk ek in fersekeringsmaatskippij foar Nederlânsk-Ynje oprjochte, de NILLMIJ. It haadkantoar waard festige yn Batavia (no Jakarta).

Yn 1891 waard it kantoar fan de Java Bank yn Amsterdam iepene, dat yn 1922 de Bijbank Javasche Bank kaam te hjitten, ek wol de Javasche Bank Nederland neamd. Letter waard der ek noch in kantoar yn New York iepene.

De Javasche Bank hie sechtjin kantoaren yn Nederlânsk-Ynje, nammentlik yn (stavering fan no) Bandûng, Cirebon, Semarang, Yogyakarta, Surakarta, Soerabaja, Malang, Kediri, Banda Aceh, Medan, Padang, Palembang, Banjarmasin, Pontianak, Makassar en Manado.

Presidint-direkteuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kantoar fan de Java Bank yn Batavia (1920-1940)

De presidint-direkteuren fan de Javasche Bank fan 1863 oant it oernimmen fan it Yndonesysk regear yn 1953 wienen efterelkoar:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]