January Jones

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
January Jones by de Emmy-Award 2008

January Kristen Jones (Sioux Falls, 5 jannewaris 1978) is in Amerikaansk aktrise en model. Sy waard yn 2009 nominearre foar in Golden Globe foar har rol as Betty Draper yn de dramarige Mad Men. Dêrfoar krige hja itselde jier mei de hiele cast in Screen Actors Guild Award.

Jones waard yn Mad Men posityf beoardiele troch de kritisy en de rige krige sa'n 30 prizen dêr't Emmy Awards en Golden Globes by wiene'.

Yn 1999 makke Jones har debút yn de spylfilm All the Rage. Sûnt dat momint wie hja yn noch tsien filmrollen te bewûnderjen. Sa wie se te sjen as Michelle Flaherty's (Alyson Hannigan) suske Cadence dy't elsenien graach hawwe woe, yn American Wedding, as Colin Frissells (Kris Marshall) potinsjele leafde Jeannie yn Love Actually en as Red Dawsons (Matthew Fox) frou Carole yn it op wier barren basearre sportdrama We Are Marshall.

Jones waard #82 op de Maxim (tydskrift) Hjitste Frou fan 2002 list.[1] Hja ferskunde op de omslach fan "The Hot Issue" fan it Britske GQ tiidskrift yn maaie 2009.[2]

Persoanlik[bewurkje seksje | edit source]

Jones is berne en grutbrocht yn Sioux Falls, Súd Dakota. Sy is neamd nei January Wayne, in karakter út Jacqueline Susann's Once Is Not Enough.[3] Sy helle har diploma fan de Edison Middle School en Roosevelt High School yn Sioux Falls.

Jones hie ferkearing mei Ashton Kutcher fan 1998–2001 en fan 2003 oant 2006 wie se mei sjonger Josh Groban.[4]

Yn Vanity Fair (magazine) yn 2009 fernijde hja ús dat se by de Oceana (non profit group) as ferneamd persoan har ynsette wol foar yn it fuortbestean bedrige haaien.[5]

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

  1. Maxim Magazine Hot 100 Women of 2002 [1]
  2. http://www.gqmagazine.co.uk/girls/gq_icons/slideshows/090401-january-jones.aspx
  3. January Jones; The Anger Management Actress Wants to Be More Than a Flavor of the Month, People (magazine), 21 april, 2003. Rieplachte op 8 augustus, 2008.
  4. Josh Groban, January Jones Take a Breather
  5. "Miss January". Vanity Fair. Febrewaris 2009.