Janine van Wely
Appearance
Janine van Wely | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 novimber 1937 | |
berteplak | Breda | |
stoarn | 29 july 2022 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl Van Wely |
Janine van Wely (Breda, 12 novimber 1937 - 29 july 2022) wie in Nederlânsk aktrise en kabaretiêre. Sy is it meast bekend fan de rollen dy't hja oant 1980 spile yn de rige Pipo de Clown. Teffens ferfong se Jasperina de Jong yn de jierren 60 by it ferneamde Lurelei-kabaret. Van Wely wenne yn Amsterdam en wie keunstneresse.
Sy stoar yn de âldens fan 84 jier oan kanker.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1962: De Rudi Carrell Show
- 1962: Mens durf te leven
- 1962: O, kijk mij nou
- 1962: AVRO Music Hall
- 1971-1980: Pipo de Clown (as Mamaloe yn "Pipo op Bizarra" en as Plom yn de "Pipo in Marobia", "Pipo en de Lachplaneet", "Pipo en de Piraten van Toen", "Pipo en de Noorderzon" & "Pipo in West-Best")
- 1977: Koning Bolo (as Prinses Rozelle)
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1961: Het mes
- 1963: De vergeten medeminnaar
- 1966: 10.32 (rol: tsjinstfaam Annie)
- 1975: Pipo en de Piraten van toen (rol: Plom)