Janhendrik Dolsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Efter de dyk

Janhendrik Dolsma (Grins, 1950) is in Fryske keunstskilder.

As waadskilder binne syn foarstellings altyd flak. Loft en Ljocht spylje de haadrol yn syn wurken oer It Waad. Der komme dan ek gjin minsken foar op syn wurken. Syn oplieding krige er tusken 1968 en 1973 oan Akademy Minerva yn Grins. Oant 2004 wurke er as dosint tekenjen mar makke begjin jierren '80 ek muzyk.

Hy rekke yn de besnijing fan de Hollânske lânskipskeunst. De nearzichheid fan in minsk yn de natoer is in fêst tema.

Syn wurk wie te sjen yn galerys as De Twee Pauwen, Mebius en Museum Møhlmann yn Appingedam.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1998 - Mei it each op It Waad, katalogus Waddenkunstkring, útjouwerij Boon, Grins
  • 2002 - Grins, stêd en ommelân, Tsien jier galery Mebius
  • 2005 - Janhendrik Dolsma, Waddenschilder (boek), útjouwerij TheOart.

Oare wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]