Springe nei ynhâld

Jan van der Molen

Ut Wikipedy
Jan van der Molen
politikus
bertedatum 1 oktober 1867
stjerdatum 12 novimber 1939
partij ARP

Jan van der Molen Tzn. (Nijeveen, 1 oktober 1867 - Rotterdam, 12 novimber 1939) wie in Nederlânske ûnderwizer en politikus.

Jan Tekessoan van der Molen waard berne yn Nijeveen, dêr't syn heit smid wie. Hy folge de ûnderwizersoplieding op de Ryksnormaalskoalle yn Stienwyk dêr't er yn 1885 de akte helle. Dêrnei waard er ûnderwizer yn Brucht en Utert en haadûnderwizer yn Baflo oant 1903. Yn dat jier waard er beneamd ta skoalopsjenner, earst yn Dokkum en letter yn Hillegersberg.

Yn 1908 waard er keazen ta lid fan de Twadde Keamer foar de ARP wat er oant 1925 bliuwe soe. Hy wie de ûnderwiisspesjalist fan de ARP yn de Keamer en wurke mei oan in soad ûnderwiisherfoarmingen en wetjouwing. Teffens wied er fan 1911 oant 1919 riedslid en wethâlder fan ûnderwiis fan de gemeente Rotterdam.

Yn 1919 waard er beneamd ta boargemaster fan Renkum wat er oant syn pensjoen yn 1934 bliuwe soe.

Van der Molen troude op 15 jannewaris 1891 yn Wildervank mei Geertje Kuik. Professor Gezina van der Molen, heechlearaar folkerjocht oan de VU, wie harren dochter. Hy wie lid fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]