Springe nei ynhâld

Jan van den Bosch (presintator)

Ut Wikipedy
Jan van den Bosch (presintator)
Van den Bosch (rj.) ûntfangt yn 2010 de ûnderskieding foar Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau út hannen fan boargemaster Gerard Rabelink fan Schouwen-Duiveland
Van den Bosch (rj.) ûntfangt yn 2010 de ûnderskieding foar Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau út hannen fan boargemaster Gerard Rabelink fan Schouwen-Duiveland
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 augustus 1950
berteplak Alphen aan den Rijn
wurkpaad
jierren aktyf 1974-no
reden
  bekendheid
EO
Hilversum 3
Radio 3
Ronduit-club
EO-Jongereindei
Hour of Power
Family7
offisjele webside
Hiemside

Jan Simon (Jan) van den Bosch (Alphen aan den Rijn, 29 augustus 1950) is in Nederlânske telefyzjepresintator en ûndernimmer.

Van den Bosch waard grutbrocht yn in grutte húshâlding dy 't hearde ta de Kristlike Grifformearde Tsjerken. [ 1 ] Hy studearre Massamedia en Kommunikaasje oan it Queens College fan de Universiteit fan Cambridge.
Yn 1974 kaam er yn tsjinst by de Evangelyske Omrop (EO) dêr 't er it reisprogramma Overal en nergens presintearre. Hy waard benammen bekend as gesicht fan de troch him yn 1981 oprjochte Ronduit-klup, de jongereinorganisaasje fan de EO, en trochdat er achttjin jier lang de EO-Jongerendei presintearre. Dat die er tegearre mei de evangelist Henk Binnendijk dy 't op dizze dei sa 'n fiifentweintich jier lang alle jierren in taspraak út de Bibel wei hold. Ek wie Van den Bosch tusken septimber 1977 en novimber 1985 op de woansdeitemoarn te hearren op Hilversum 3 en fan woansdei 4 desimber 1985 ôf oant en mei 30 septimber 1991 op Radio 3. Troch de ynfiering fan de nije horizontale programmearring op it ek fernijde Radio 3 per 4 oktober 1992, ferfoel de fêste útstjoerdei fan de EO op woansdeitemoarn.

Sûnt 4 april 1999 (Earste Peaskedei) presintearre Van den Bosch op sneintemoarn by RTL 5 it Nederlânske part yn it Amerikaanske kristlike telefyzjeprogramma Hour of Power fan dûmny Bobby Schuller. Dy útstjoering waard op RTL 5 oanfolle mei petearen oer it leauwen dy 't Van den Bosch hie mei bekende en minder bekende Nederlanners. Foar de kristlike tf-stjoerder Family7 presintearre er fan 2012 ôf de ynterviewprogramma's Thuis en Geloofshelden.

Dêrneist is Van den Bosch sûnt 1987 eigener fan in mediabedriuw, de kristlike reisorganisaasje Beter Uit en is er eigener fan fakânsjeparken yn Souillac (Frankryk), Walsdorf (Lúksemboarch) en in park yn Girona (Spanje).

Syn biedwurd is: De hemel geeft, wie vangt die heeft.

By gelegenheid fan syn santichste jierdei ferskynde yn 2020 by útjouwerij Ark Media in persoanlik en biografysk portret yn de foarm fan in boek mei de titel Jan, globetrotter met een missie.

Yn 2010 waard Jan van den Bosch beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Foar syn aktiviteiten mei de Stichting New Life Holland waard him op 15 desimber 2023 út namme fan Stichting Revalidatiecomplex 'Agape Oekraïne ' út Lûtsk it Wite Krús Honor et Gloria takend, in ûnderskieding út Ukraïne.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: