Springe nei ynhâld

Jan Tseards Tadema

Ut Wikipedy

Johannes (Jan) Tseards Tadema (De Jouwer, 1655 - dêre, 7 maart 1718) wie siktaris fan de gritenij Haskerlân en Frysk skriuwer.

Jan Tadema wie de soan fan doarpsrjochter Tseard Durks en Jank Jans. Hy waard sulversmid op De Jouwer en troude dêr op 16 novimber 1678 mei Geeltje Sipkes Pecama (1655-1708). Se krigen fjirtjin bern. Fan 1678 oant 1689 wied er substitút-siktaris fan Haskerlân. Op 31 augustus waard hy beneamd as siktaris fan dy gritenij en soe dat bliuwe oant 31 jannewaris 1718.

Yn 1698 is hy mei syn frou en sweagers foar 50% eigener fan stim 43 Sint-Nyk. Yn 1700 wurdt er neamd as er twa huzen keapet fan syn mem.[1]

Tadema skreau in tal Fryske rymstikken. Sa skreau er yn 1705 by it oannimmen fan it grytmansamt troch Allard fan Boerum oer Doanjewerstâl. Ek skreau er nei alle gedachten efter de Disputatio de secundis nuptiis fan syn neef Theodorus Tadema op 26 maaie 1698. Fierder is der noch syn histoarysk juridyske dissertaasje Ad decretum imperatorum Severi et Antonini in L. Pactumeius ultim. digestis de heredibus instituendis fan jonkhear Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen (Frjentsjer, juny 1705).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bodders yn de Fryske striid (Boalsert 1926), side 326;
  • Paden fen Fryslân (Boalsert 1932), side 320.