Jan Jansma
Jan Jansma (De Skâns, 1956), is in byldzjend keunstner út Damwâld. Nei de learare-oplieding tekenjen/hânwurk oan Ubbo Emmius folge Jansma in oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins.
Oant syn tsiende jier wenne er op De Skâns, dat doe noch oan de Lauwerssee lei. Syn fassinaasje foar de natuer, de see, de eilannen en de kust en de feroaring fan de seizoenen hawwe him dêrnei nea wer loslitten. Underwerpen as kwelders, wetter en dunen komme dan ek faak foar yn syn wurken. De lêste jierren leit er him mear ta op it tema "Natuer yn de minsk" yn al syn ferskiningsfoarmen. It sintraal setten fan de minsk hat laat ta it meitsjen fan mear portretten.
Hy makket syn wurk meast mei oaljeferve op paniel en doek, mar ek akwarellen of kryt op papier.
Syn wurk wie û.o. te sjen op eksposysjes yn it Sudergemaal, Lauswolt en by ferskate galeryen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |