Springe nei ynhâld

Jan Jans de Stomme

Ut Wikipedy
Selsportret

Jan Jans de Stomme, berne as Jan Voogelesang [1][2](Frjentsjer, 1615 - Grîns, ± 1657) wie in Fryske keunstskilder.

Jan Jans wie dôfstom. It is net bekend wa't him oplaat hat, mar Jan Jans moat bekend west hawwe mei it wurk fan Wybrand de Geest, in bekend portretskilder út Ljouwert, en Harmen Wieringa (warber tusken 1632 en 1650). Jan Jans de Stomme ferfear nei syn oplieding nei Grins, dêr waard er neamd yn 1643. Hy krige in soad opdrachten ta it skilderjen fan portretten fan Grinslânske pommeranten. Hy spesjalisearre him yn berneportretten.

  • J. Stratingh (ed.), J.J. de Stomme, een 17e eeuwse schilder in Groningen, Grins, 1984.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De zelfportretten van Jan Janz. de Stomme en biografy. Museum Martena
  2. Ek wol: Jan Jansz. Stom, Johan Jansen Stomme van Franiker, Jan Jansz. de Stom