Jan Hendriks Popping
Jan Hendriks Popping (9 july 1852, Easterwâlde - 22 maart 1927) wie in boekhanneler en -printer dy't ek yn it Stellingwerfsk skreaun hat. Hy hie ek in soad niget oan de skiednis fan de Stellingwerven.
Popping is yn 1852 yn Easterwâlde berne as soan fan Hendrik Jan Popping en Antje Cornelis Kleisma. Ynearsten wied er wolhanneler en wolferver. Popping hat syn boeken oer de skiednis fan de Stellingwerven yn syn eigen printerij útjûn. Teffens waard it wykblêd De Ooststellingwerver fan him útjûn. Syn boek Uut het leven fan 1918 is it earste wat gruttere wurk dat yn it Stellingwerfsk ferskynd is. Uut het leven is yn 1918 ek as toanielstik opfierd yn Easterwâlde en Appelskea.
Popping wie troud mei Elisabeth Frankes van der Horst (1849-1924); hja hienen twa bern, Hendrik Jan (* 1885, archeolooch) en Hendrikje (* 1887).
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Schetsen uit Friesland. Easterwâlde 1892
- Ooststellingwerf. Verzameling van oudheidkundige aanteekeningen. Easterwâlde 1903
- Schetsen uit de Geschiedenis van Ooststellingwerf. Easterwâlde 1903
- Uut het leven: tooneelstok in drie bedrieven in het dialect der Stellingwarvers. Easterwâlde 1918
- Geschiedkundige aanteekeningen over de Stellingwerven en omstreken. Easterwâlde 1920