Jan Hendrik Nicolaij

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Jan Hendrik(s) Nicolaij (Ljouwert, 26 april 1766 - dêre, 29 july 1826 [1] wie in Frysk tekener, dekoraasje-, behang- en keunstskilder.

Ynearsten wie er, yn de fuotleasten fan syn heit Sijtse Roelofs Nicolaij, reauskilder. Nicolaij hie niget oan natuerlike histoary. Hy stoppe fûgels op en letter skildere er jachtstillibbens mei ûnder oaren fûgels.

Hy krige skilderadvys fan Willem Bartel van der Kooi.

Yn 1819 die er mei oan in troch it Amsterdamske genoatskip Felix Meritis útloofde medalje foar in skilderstik mei dea wyldguod. Hy krige de priis net, mar syn wurk waard wol mei eare neamd. Letter wiene der fan him skilderijen fan libben en dea wyld op de tentoanstellingen te sjen.

Carel Jacob van Baar van Slangenburgh hat les fan him hân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ferstjerregister 1826, Ljouwert, Aktenûmer A279