Jan Fabricius
Jan Fabricius (Assen, 30 septimber 1871 - Wimborne (Ingelân), 23 novimber 1964) wie in Nederlânsk toanielskriuwer. Soan Johan Fabricius wie ek skriuwer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er tweintich wie ferfear er nei Nederlânsk-Ynje om dêr as drukker te arbeidzjen. Hy makke dêr lykwols fluch karriêre yn de sjoernalistyk. Nei tsien jier moast er werom nei Nederlân út reden fan in leveroandwaning tien jaar keerde hij, gedwongen door een leveraandoening en waard dêr haadredakteur fan efterelkoar de Wereldkroniek, de Spaarnebode en de Nieuwe Courant. Op oanstean fan Frits Bouwmeester (broer fan akteur Louis Bouwmeester) skreau er syn earste toanielstikken: Met de handschoen getrouwd, Eenzaam en De rechte lijn, wêryn't Ynje in grutte rol spilet. Sy wiene tige súksesfol.
Fabricius gie yn 1910 werom nei Batavia om dêr in eigen deiblêd te begjinnen, mar moast wer om medyske redenen werom nei Jeropa en hy sette him nei wenjen yn Parys. Hy besocht dêr hielendal fan de skriuwerij te libjen. Dêr skreau er syn meast Nederlânske toanielstikken, Onder één dak (yn it Drintsk) en Ynske (yn it Frysk).
Ut reden fan it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch gie Fabricius werom nei Nederlân. Yn dy jierren belibbe er syn grutste súksesen. De útfieringen fan Dolle Hans, Totok en Indo en Nonnie lutsen folle sealen. Mei de krisisjierren en it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch rekke Fabricius syn karriêre yn it delgean. Hy bleau wol produktyf, mar syn wurk hie stadichoan minder súkses.
Yn Assen waard in strjitte en in ULO-skoalle nei him ferneamd (wilens sloopt). Yn 1959 ûntbleate er it keunstwurk Indisch tafereel fan Alfred van Werven by dy skoalle. Op it plak fan de skoalle stiet no in appartemintekompleks mar it Indisch tafereel is sparre bleaun en yn de gevel fan it gebou opnaam.
Fabricius ferhuze nei Ingelân, dêr't er yn de âldens fan 93 jier ferstoar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |