Jan Brens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Brens
Koraalorkest Hymne

Jan Brens (Snits, 17 july 1947) is in ûnderwizer en dirigint/saksofonist.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de H.B.S. folge hy de oplieding oan de kristlike kweekskoalle yn Snits. Yn 1968/1969 helle hy de ûndersiis-en haadakte. Dêrnei folge hy lessen oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Brens wie ûnderwizer yn Lollum De Gerdyk en Drachten. Hy studearre yn de santiger jierren MU-Pedagogyk oan de Noardlike Hegeskoale. Untwurp ein santiger en begjin tachtiger jierren materiaal en lesmetoades foar it basisûnderwiis, sa as kopiearsystemen foar rekkenjen, taal, skriuwen en muzyk. Fan syn hobby muzyk makke er syn berop. Hy late ferskate koaren en muzykensembles yn en bûten Fryslân.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn earste stappen op dirigearterrein wienen drumbands yn de regio Snits, ûnder oare Heech en Toppenhuzen. It earste koor dat hy late wie it Snitser Jongeskoar, destiids in ûnderdiel fan manljuskoar Edoza. Dêrnei folgen ferskate Fryske koaren en korpsen. Yn 2012 is hy de muzikaal lieder fan koraalorkest Hymne, it Warkumer Manljuskoar, it Súdwestkoar, it Stellingwerfkoar en it Frysk Manlju Ensemble. By konkoersen hie Brens súksessen op provinsjaal en lanlik terrein. Treedt ek op as saksofoansolist (op altsaks en sakssello). Hy wurke mei Nederlânske artysten as Thijs van Leer, Marco Bakker, Jan Vayne en Klaas Jan Mulder. Sûnt 2005 is hy sjuerylid by koarfestivals. Makke yn de lêste desinnia in 1000-tal lietteksten en arranzjminten foar koaren en muzykensembles (û.o. de Stellingwarf Cantate mei Johan Veenstra, de Kantate Antyk, de Fryslân Kantate ensfh.)

Koraalorkest Hymne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sette yn augustus 2003 in advertinsje yn de Snitser krante mei in oprop om it koraalorkest te foarmjen. Rûnom út de provinsje joegen muzikanten har op om ien kear yn de wike koraalmuzyk en koraalbewurkingen te spyljen. Septimber fan dat jier spile it Koraalorkest Hymne foar de earste kear yn ien fan de sealen fan it Bogermankolleezje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: