Jamestown (Sint-Helena)
Jamestown City of James Town | ||
De stêd fan boppe ôf sjoen (1985) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Britsk oerseesk gebietsdiel | Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha | |
Eilân | Sint-Helena | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 630↓ (2016) | |
Oerflak | 3,6 km² | |
Befolkingsticht. | 198,3/km² | |
Oar | ||
Stifting | 1659 1859 (stedsdistrikt) | |
Tiidsône | UTC+0 |
Jamestown is de haadstêd fan it Britske oerseeske gebiet Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha en teffens it haadplak fan it eilân Sint-Helena. Jamestown waard yn 1659 fanwege de Britske East-Yndyske Kompanjy stichte. De stêd waard ferneamd nei Jakobus II fan Ingelân. Yn 1673 wie de stêd in skoftke beset troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy.
Jamestown bestiet min ofte mear út in haadstrjitte dy't tusken twa steile hichte rint en dy't de natuerlike haven mei it oarepart fan it eilân ferbynt. Ein jierren 90 hie de stêd sa'n 850 ynwenners, mar yn 2016 wiene dat der noch 630.
De stêd spile yndertiid in rol yn it bestriden fan de slavehannel troch de Britske marine, de Royal Navy.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de stêd wei rint in steile trep fan 183 meter en 699 treden omheech nei de top fan Ladder Hill. De trep út 1829 hjit 'Jakob's ljedder' nei de Jakobsljedder út de Bibel. De stêd hat ek in museum foar skiednis en kultuer fan Sint-Helena, it Museum Sint-Helena.
Alle jierren wurdt der in hurdrinwedstriid holden oer de trep. Boppe-oan Ladder hill leit de bûtenwyk Half Tree Hollow.
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Haadstrjitte
-
De stêd downtown
-
De Jakobsljedder
-
Ut see wei sjoen
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Webstee fan St. Helena
- (in) Fotorige oer Jamestown
- (in) Noch in searje foto's
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jamestown, Saint Helena fan Wikimedia Commons. |