James Paget

Ut Wikipedy
Sir James Paget
"Surgery". Karikatuer yn Vanity Fair, 1876.

Sir James Paget, 1st Baronet (Great Yarmouth, 11 jannewaris 1814 - Londen, 30 desimber 1899) wie in Britsk sjirurch en patolooch dy't meast te binnen brocht wurdt troch de Sykte fan Paget[1] en dy't mei Rudolf Virchow beskôge wurdt as ien fan de grûlizzers fan de wittenskiplike medyske patology. De measte minsken tinke by de Sykte fan Paget oan de foarm dêr't de bonken by oandien binne, mar der binne lykwols trije syktes nei him neamd: de sykte fan Paget fan de bonken (osteitis deformans), de sykte fan Paget fan de tit (in foarm fan boarstkanker dy't him útwreidet yn de hûd om de tit hinne), en ek noch Extramammary Paget's disease (in selsume foarm fan kanker oan it boarst, de penis of de fulva). Fierders is it abses fan Paget nei him neamd.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Paget kaam út in hûshâlding fan 18 bern, dêr't acht fan folwoeksen waarden. Nei skoalle (de Charterhouse School) wie er fan doel om by de marine te gean, mar besleat dochs yn de lear te gean by de sjirurch Charles Costerton; hy hat dêr fiif jier west. Yn 1834 giet er nei it Londenske St. Bartholomew's sikehûs, dêr't er ûnderrjochte wurdt troch dr. Peter Latham. Paget learde Dútsk om de anatomyske learboeken fan dútsktalige anatomen brûke te kinnen by de autopsyen dy't er yn syn frije tiid útfierde.

Yn 1834 ûntduts er dat de parasyt Trichina spiralis de feroarsaker is fan Trichinoase. Yn 1837 krige er in oanstelling dy't him £100 yn it jier opsmiet en begûn er oan syn earste wittenskiplike artikel. Syn libben skeat er benei by yn doe't er fan in lyk tyfus skipe. Yn 1844 troude er mei Lydia. Paget hie jierren de grutste sjirurgypraktyk fan Londen dêr't er ek de dreechste gefallen krige. Hy wurke faak 16 of 17 oeren op in dei. At net ien it mear wist, waard Paget faak rieplachte by sykten fan de bonken en knieren, by kanker en neurologyske oandwanings dy't yn de beneaming fan in operaasje komme koene. Syn grutste fertsjinste wie lykwols syn wittenskiplik ûndersyk, hoewol't er ek wol sjirurgyske ferbetteringen betocht hat.

Under syn ferneamde wurk binne de Lectures on Tumours (1851) en Lectures on Surgical Pathology (1853). Yn 1858 waard er as Surgeon-in-Ordinary fan keninginne Victoria yn konsult frege by de Prins fan Wales en yn 1875 wurdt er foarsitter fan it Royal College of Surgeons.

De begraffenis yn Westminster Abbey waard laat troch syn soan, de biskop fan Oxford. De James Paget Healthcare NHS Trust en it James Paget Hospital yn Norfolk binne nei Paget ferneamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Paget J., On a from of chronic inflammation of bones (osteitis deformans), Trans Med-Chir Soc, 1877,60,37:63