Springe nei ynhâld

James Basire

Ut Wikipedy
James Basire

James Basire (1730Londen, 1802), as James Basire Sr., wie in Ingelsk grafikus. Hy is de wichtichste út in famylje fan grafikussen, en fral ferneamd as learmaster fan William Blake.

Isaac Basire (1704-1768), syn heit, wie in kaartmakker. Syn soan (1769-1822) en pakesizzer (1796-1869) hjitten ek James; fjouwer generaasjes Basires wienen grafeur. Meidat hja allegear âld waarden, oerlaapje harren karriêres elkoar, wat wolris swierrichheden jout by it taskriuwen fan in wurk oan de ien as oar.

James Basire lei him fral ta op it ôfbyldzjen fan arsjitektuer.[1] Hy hie syn atelier oan Great Queen Street yn Londen. Lykas alle trije generaasjes James, waard hy beneamd ta graveur by de Society of Antiquaries of London. In protte fan syn bêste wurk is te finen yn Vetusta Monumenta.

Wurk fan Basire hinget yn museums en gallerys oeral yn de wrâld.

Op 4 augustus 1772 waard William Blake learling fan Basire foar sân jier.

Basire makke ferskate goede portretten fan foaroansteande lju. Oar wurk fan him:

Basire's gravuere fan Field of the Cloth of Gold
  • Captain Cook; neffens Hodges.
  • Lady Stanhope, as the Fair Penitent; neffens B. Wilson.
  • Lord Camden; neffens Joshua Reynolds.
  • The Field of the Cloth of Gold: Henry VIII and Francis I; makke neffens it skilderij yn Hampton Court.
  • Interview between Orestes and Pylades before Iphigenia; neffens Benjamin West.

Under Basire syn learlingen wie George Cooke (1781-1834).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedy, James Basire
  1. James Basire (Britannica.com).