James Avery
James Avery | ||
akteur | ||
James Avery yn 2013. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James LaRue Avery | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 novimber 1945 | |
berteplak | Pughsville (Firginia) | |
stoarn | 31 desimber 2013 | |
stjerplak | Glendale (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1980 – 2013 | |
offisjele webside | ||
gjint |
James Avery (folút: James LaRue Avery; Pughsville (Firginia), 27 novimber 1945 – Glendale (Kalifornje), 31 desimber 2013), wie in Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy waard fierwei it bekendst mei syn rol yn 'e tige súksesfolle tillefyzjekomeedzjesearje The Fresh Prince of Bel-Air, as Philip Banks, it gesinshaad en de omke fan titelrolspiler Will Smith.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avery waard yn 1945 berne yn Pughsville, yn 'e steat Firginia, mar groeide op yn Atlantic City, yn 'e steat Nij-Jersey. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, tsjinne er ûnder de Fjetnamoarloch fan 1968 oant 1969 by de Amerikaanske Marine. Neitiid folge er in oplieding oan 'e Virginia State University, te Ettrick, by Petersburg. Dêrnei ferfear er nei it Kalifornyske San Diego, dêr't er gedichten en senario's begûn te skriuwen.
Fan 1980 ôf wurke Avery yn Hollywood as film- en tillefyzjeakteur. Syn earste filmrol hied er as net op 'e ôftiteling fermelde figurant yn 'e film The Blues Brothers (1980); syn earste tillefyzjerol wie in byroltsje yn 'e tillefyzjefilm Anthony and Cleopatra (1983). Fierders hied er û.m. lytse roltsjes en byrollen yn searjes as Hill Street Blues, Webster, The Dukes of Hazzard, St. Elsewhere, Cagney & Lacey, The A-Team, Moonlighting, Amen, Dallas, Beauty and the Beast en L.A. Law. Njonken syn fysike aktearkarriêre skonk Avery ek syn stim oan ferskate animaasjefigueren, wêrûnder Shredder yn 'e tekenfilmsearje Teenage Mutant Ninja Turtles fan 'e ein fan 'e jierren tachtich, en War Machine yn de rige Iron Man, út 'e jierren njoggentich.
Syn grutte trochbraak hie Avery lykwols yn 'e komeedzjesearje The Fresh Prince of Bel-Air, dy't fan 1990 oant 1996 rûn. Dêryn ferfolle er ien fan 'e haadrollen as Philip Banks, in abbekaat en letter rjochter, de (rike) omke fan it yn in efterbuert opgroeide personaazje fan Will Smith, dy't syn omkesizzer mei komyske gefolgen yn syn gesin opnaam. Avery syn personaazje yn 'e searje waard troch it Amerikaanske blêd TV Guide útroppen ta nûmer 34 op 'e ranglist fan "De 50 Bêste Tillefyzjeheiten Aller Tiden".
Nei't The Fresh Prince of Bel-Air stopset wie, rekke Avery wat fergetten. Hy moast op 'e nij bestean fan lytse roltsjes yn B-films en yn searjes as CSI: Crime Scene Investigation, Two Guys and a Girl, Dharma and Greg, Judging Amy, Charmed, NYPD Blue en Grey's Anatomy. Yn 'e komeedzjerige That '70s Show hied er yn 2004 noch in weromkearende rol as de baas (by de plysje) fan Michael Kelso, it personaazje fan Ashton Kutcher.
Priveelibben en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avery troude yn 1988 mei syn frou Barbara. Hy hie sels gjin bern, mar wie de styfheit fan in soan út it eardere houlik fan syn frou. Avery hie jierrenlang fiersten te swier west, en dat hat nei alle gedachten bydroegen ta de hertproblemen dy't er meitiid krige. Op âldjiersdei 2013 stoar er te Glendale, yn Kalifornje, oan 'e komplikaasjes dy't har foardiene by in iepenhertoperaasje. Hy waard 68 jier âld. Behalven syn frou en styfsoan waard er ek oerlibbe troch syn mem.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |