Springe nei ynhâld

Jakin Boäztsjerke (Urk)

Ut Wikipedy
Jakin Boäztsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Flevolân
gemeente Urk
plak Urk
adres Singel 10-12
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1960-1962
arsjitekt H.J. Helmink; útwreidings Van Beijnum, Amerongen
offisjele webside
Webstee op de side fan it tsjerkegenoatskip

De Jakin Boäztsjerke oan de Singel op Urk is in tsjerkegebou fan de Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. De sealtsjerke hat in toer fan goed 25 meter heech en is ien fan de grutste tsjerken fan it tsjerkegenoatskip.

Yn de tiid dat de tsjerke boud waard hearde de gemeente noch by de Kristlike Grifformearde Tsjerke. Mar om't de gemeente har net fine koe yn de fernijings yn de jierren 1950 fan dat tsjerkeferbân, gyng de tsjerkeried mei in grut part fan de gemeente oer nei de otterdokskere Kristlike Grifformearde Gemeenten fan de Rotterdamske dûmny H. Visser Msn. (1911-1970). Dy dûmny naam in berop fan de Urker gemeente oan en op 18 novimber 1960 waard er as predikant yn it amt befêstige. Dyselde deis waard ek de nije Jakin Boäztsjerke yn gebrûk nommen. Doe't de dûmny him yn 1966 wer oansleat by de Kristlike Grifformearde Tsjerke folge de gemeente him net. De Leersumer predikant E. Du Marchie Van Voorthuizen (1901-1986) folge Visser op. Du Marchie Van Voorthuizen hie earder ek al yn Urk stien en wie mei syn gemeente yn 1952 fan de Kristlike Grifformearde Tsjerke oergien nei de Ald Grifformearde gemeenten yn Nederlân. Betingst fan de dûmny foar it oannimmen fan it berop yn Urk wie, dat de urker gemeente ek oergyng nei de Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. En alhoewol't in diel fan de gemeente dêr beswier tsjin hie en doe de Frije Ald Grifformearde Gemeente stifte [1], makket de gemeente fan de Jakin Boäztsjerke sûnt ûnderdiel út fan de Ald Grifformearde gemeenten yn Nederlân.[2]

Om't de tsjerke yn 2005 te lyts woarn wie foar de likernôch 900 leden, moast der in fleugel mei dêr yn in kreake oanboud wurde. Mear as tsien jier letter wie de tsjerke wer te lyts en waarden der plannen makke foar in nije útwreiding, sadat it tal plakken op 1600 útkaam.[3]

It oargel fan de Jakin Boäztsjerke waard yn it ramt fan de oansteande útwreiding fan de tsjerke yn 2016 oankocht fan de katolike Lourdestsjerke yn Haaksbergen. It foarse ynstrumint waard oarspronlik yn 1859 boud troch J.J. Vollebregt út Den Bosch foar de katolike tsjerke fan Us-Leaffrou yn Leiden. Foarhinnê makke de gemeente gebrûk fan in elektronysk Johannes-oargel.[4][5][6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: