Jacobus Adriaan Drijber
Jakobus Adriaan Drijber (Feanhuzen, 1 septimber 1862 - Voorburg, 21 july 1953) wie in Nederlânsk boargemaster.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drijber wie in soan fan Lukas Drijber en Catharina Jacoba de Jonge. Heit wie ûnderdirekteur fan de Maatskippij fan Woldiedigens. Hy wie in broer fan luitenant-generaal Sipko Drijber en in folle neef fan boargemaster Sikko Berent Drijber.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drijber begûn syn amtlike karriêre as gemeentesikretaris fan Skiermûntseach. Yn 1898 waard er beneamd ta boargemaster fan It Amelân. Dêrnei hat er noch boargemaster west fan Starum, Aenjewier (1915 - 1918) en Sliedrecht. Per 1 maaie 1931 waard him earfol ûntslach ferliend as boargemaster en waard die beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Hy troude mei 34 jier op 3 septimber 1896 yn Grins mei Theresia Wilhelmina ten Berge út Nijensleek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |