Jacob Russchen
Appearance
Jacob Russchen (Donkerbroek, 18 maaie 1897 – Boalsert, 25 july 1976) wie in Nederlânske politikus út namme fan de ARP.
Hy waard berne as soan fan Jannes Russchen (1860-1953; lânbouwer) en Pietertje Wierda (1865-1950 ). Nei de hbs waard er ynearsten lânbouwer.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferkocht er de pleats en ferhuze nei Wolvegea. Russchen waard yn dy perioade aktyf yn yllegaliteit ûnder de skûlnamme 'Peter'. [1]
Hy wie gemeenteriedslid yn Weststellingwerf en lid fan it haadbestjoer fan de Christelijke Boeren-en Tuindersbond (CBTB) foardat er yn 1948 beneamd waard ta boargemaster fan Warkum.
Russchen gie 1962 mei pinsjoen en yn 1976 ferstoar er yn de âldens fan 79 jier yn in ferpleechhûs yn Boalsert.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacob Russchen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|