Jacob Schut
Appearance
(Trochferwiisd fan Jacob Rudolf Johann Schut)
Jacob Rudolf Johann Schut (Essen, 4 maart 1903 - Amsterdam, 6 novimber 1957) wie in yn de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlân aktive Dútske politikus en predikant.
Schut wie lid fan de NSB en waard troch de besetter op 15 maaie 1941 beneamd ta boargemaster fan Snits. Dat amt ferfolde hy krekt fjouwer jier.
Ferfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 11 oktober 1949 waard Schut troch de Bysûndere Strafkeamer fan de Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert feroardield ta in finzenisstraf fan sân jier. Him waard it boargerrjocht ûntsein en ek it kiesrjocht. Hy waard boppedat útsletten as predikant.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|