Jacob Gysberts
Appearance
(Trochferwiisd fan Jacob Gysbert)
Jacob Gysberts wie boargemaster fan Boalsert en de heit fan de ferneamde skriuwer en dichter Gysbert Japiks.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde stedhûs fan Boalsert boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Ferneamder is er lykwols om syn wurk yn de polityk en tsjerke fan Boalsert. Hy hat alle tsjerklike funksjes hân dy’t der foar oaren as dûmnys wienen, lykas diaken en âlderling. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier boargemaster fan Boalsert.
Nei in hiele protte funksjes rûn it net goed ôf mei Jacob Gysberts. Hy rekke om drank en skulden yn de problemen, waard yn 1644 ferfallen ferklearre fan syn offysjes en funksjes en gong fallyt.