Fan Holkema

Ut Wikipedy
Gysbert Japicx, yn 1637 skildere troch Matthijs Harings
Tjomme van Holkema (1843-1891) (tekening troch Johan Braakensiek, 1891)

Fan Holkema (Van Holkema) is in fan oarsprong Frysk geslacht dat in bekende skriuwer, predikanten en de útjouwers fan Van Holkema & Warendorf levere.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stamrige begjint mei Jacob Gijsberts Holckema (1579 -1655) dy't boargemaster fan Boalsert wie, de heit fan Gysbert Japicx. Fan de fiifde generaasje ôf levere it laach predikanten. Yn 1878 waard Tjomme van Holkema (1843 -1891) grûnlizzer fan de útjouwerij Van Holkema & Warendorf, dêr 't ek syn soan direkteur en fennoat fan waard. Yn 1987 ferstoar de lêste telch fan it geslacht dat yn it Nederlân's Patriciaat fan 1951 opnommen wie.

In pear telgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jacob Gijsberts Holckema (1579-1655), boargemaster fan Boalsert

  • Gysbert Japicx (1603-1666), skriuwer en dichter
  • Willem Jacobs Holckema (1609-1663), keapman
    • Frans Holckema (1647-?), sjirurgyn te Snits
      • Pytter Holckema (†nei 1724), master blok- en mêstmakker
        • Ds. Frans (Franciscus) Holckema (1703-1764), predikant
          • Ds. Pytter (Petrus) Holckema (1746-1818), predikant
            • Ds. Franciscus Holkema (1778-1843), predikant
              • Ds. Petrus Holkema (1806-1890), predikant
              • Ds. Arjen Buwalda van Holkema (1811-1891), predikant
                • Tjomme van Holkema (1843-1891), útjouwer en oprjochter Van Holkema & Warendorf
                  • Arjen Buwalda van Holkema (1873-1953), útjouwer Van Holkema & Warendorf
                    • Maria Coletta Jacoba van Holkema (1902-1986); troude yn 1923 mei Ferdinand Cornelis Daniel Mari Rauwenhoff (1896-1979), assuradeur en telch út it geslacht Rauwenhoff
                    • Catharina Sophia van Holkema (1904-1959); troude yn 1928 mei Balthazar Heldring (1900-1964), direkteur kakao- en sûkeladefabryk en telch út it laach Heldring
                    • Johanna Jacoba van Holkema (1908-1987), lêste telch fermeld yn it "Nederland's Patriciaat"

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat 37 (1951), s. 94-97.