Springe nei ynhâld

Jacob Adriaan Nicolaas Patijn

Ut Wikipedy
Jacob Adriaan Nicolaas Patijn
politikus
Boargemaster fan De Haach, 1918
Boargemaster fan De Haach, 1918
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 febrewaris 1873
berteplak Rotterdam
stjerdatum 13 july 1961
stjerplak De Haach
partij gjin
ûnderskiedings Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (30 augustus 1921)
Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (30 augustus 1939)

Mr. Jacob Adriaan Nicolaas Patijn (Rotterdam, 9 febrewaris 1873 - De Haach, 13 july 1961) wie in Nederlânske liberaal politikus. Hy hearde net ta in politike partij.

Patijn ûntbleatet in tinkstien oan it bertehûs fan Louis Couperus yn 1930

Patijn wie lid fan de famylje Patijn. Hy wie in soan fan Jacob Gerard Patijn, jurist en politikus, en Adriana Jacoba Clasina Veeren. Hy troude yn 1903 mei jkfr. Rudolphine van Doorn (1880-1923) en nei har ferstjerren mei jkfr. Elisabeth Wilhelmina Malwina de Brauw (1881-1954), lid fan de famylje De Brauw. Ut beide houliken waarden gjin bern berne.

Patijn studearre rjochten oan de Universiteit Leien fan 1892 ôf. Hy promovearre op 25 novimber 1897. Dêrnei studearre er noch ien jier oan de École Libre des Sciences Politques yn Parys.

Nei syn stúdzje kaam er koart yn tsjinst fan it Keninkryk Siam en bestudearre er Aziatyske kultueren, benammen dy fan Japan. Hy begûn syn karriêre as amtner yn Nederlân fan 1902 ôf. Hy krige al gau de lieding fan de Haachske gemeentesekretary, dêr't er krewearre foar it ferbetterjen fan de arbeidsomstannichheden fan it gemeentepersoniel. Fan 1908 ôf wurke er by de ôfdieling Arbeidsfersekering fan it departemint fan Lânbou, Nijverheid en Handel, ûnder Talma, dêr't er in wêzentlik oandiel by it ta stân kommen fan de Syktewet fan 1912 hie.

Hy wie fan 1 oktober 1911 oant 1918 boargemaster fan Ljouwert, dêr't er fan 1912 oant 1918 ek plakferfanger-rjochter fan de arrondissemintsrjochtbank wie. Fan septimber 1918 ôf wie er boargemaster fan Den Haach oant 1930.

Yn 1931 waard er gesant yn it Italië fan Mussolini, dy 't er in skoft bewûndere; fan 1936 ôf wie er gesant yn Brussel.

Patijn bewûndere Colijn ek bot. Hy ferfong him yn 1937 as minister fan Bûtenlânske Saken, trije moanne nei de formaasje fan it kabinet-Colijn IV, en bleau yn deselde posysje yn it kabinet-Colijn V. Hy wie sadwaande minister fan Bûtenlânske Saken fan 1 oktober 1937 oant 12 augustus 1939.

Ek al wie er gjin lid fan de RKSP, ARP of CHU, dochs waard er as lid fan de Oxfordgroep troch de posityf kristlike sinjatuer fan dy koälysje oanlutsen.

As minister liet Patijn net folle respekt foar it parlemint sjen. Hy wie in pragmatikus dy't dernei stribbe brûkbere oplossingen te finen foar de maatskiplike problemen, ek ta skea fan âlde begjinsels. Hy wie ek frijwat eigensinnich en autoritêr.

Patijn wie in keunstsinnich man, leafhawwer fan de letteren en muzyk. Patijn wenne op it Lange Voorhout nûmer 38 yn De Haach.

Yn De Haach is in leane nei him neamd. In oare leane is nei him neamd yn Zeist.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: