Jaap Romijn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jacob Pieter Romijn, (Utert, 29 maart 1912 - Ellesdyk, 23 maaie 1987), wie in Nederlânsk skriuwer, ûnderwizer en sûnt 1964 direkteur fan it Gemeentlik Museum Prinsessehof yn Ljouwert. It museum waard ûnder syn lieding restaurearre, útwreide en saneard ta in algemien keramysk stúdzjesintrum.

Hy hearde foar 1940 ta de redaksje fan Opwaartse Wegen (Protestantsk-kristlik) en publisearre yn it earstoan ûnder de skûlnamme E. Legrand. Yn de Twadde Wrâldoarloch besoarge hy in fjirtichtal yllegale útjeftes en rjochte it literêre tydskrift Ad Interim op (1944) dat yn 1950 mei 'De Gids' fusearre. Fan 1934 - 1950 wie hy ûnderwizer en wurke as keunst- en muzykredakteur yn Utert. Fan 1944 - 1960 as direksje-sekretaris en dêrnei fjouwer jier as direkteur fan A.W. Bruna en Soannen Utjouwersmij. NV.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Punt van Uitgang (ferhalen, 1946)
  • Rechtvaardiging van Don Juan (novimber 1954)
  • De ondergang van Maria-Louise (1966)
  • Nanne Ottema, Chinese keramiek (bewurke troch Jaap Romein, 1970)
  • tentoanstellingskatalogussen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: