Springe nei ynhâld

Jaap Mulder

Ut Wikipedy

Jaap Mulder (Ljouwert, 1959) is in kabaretier en ferhaleferteller. Nei de middelbere skoalle giet Mulder nei Grins en docht krektas syn foarbyld Freek de Jonge in stúdzje Nederlânsk en letter ek noch Keunst en keunstbelied. Syn heit wurke by de Ljouwerter Krante en syn broer en suster sitte ek yn de sjoernalistyk. Yn syn programma sjongt er ek en makket eigen teksten en muzyk. Mei syn grutte stal, keale holle, en yndringende diksje (noardlik aksent) berikt er in eigen publyk. Hy makke syn earste foarstelling "De Verloedering" yn 1986. Ek wint er de earste edysje fan de Pytyske Spullen yn Maastricht. Yn 1989 krige hy de earste priis op it jierlikse Camerettenfestival fan Rotterdam en krige er ek de Simulaasjesien, in priis fan it Utertse Werfteater.

Hy spile ek lang piano by de symfonyske rockband Agdon Health út Grins dêr't er 4 CD's mei makke. Foar "Bijtijds" skriuwt Jaap Mulder kollums.

  • Hoera, het is een Jaap Mulder
  • Velkommen til Aars ( 2007 )
  • Bekschurft!
  • Abedefduf
  • Trilveen
  • KanonOren
  • De Opmars van de Wilde Artisjok
  • Mijn!
  • Noordkaap
  • De Garnalenkoningin
  • Groene Vingers
  • De Verloedering ( 1986 )
  • Het Hema Restaurant - Novella Utjouwerij (Amersfoart 1996). In seleksje lietteksten en konferenses út syn teaterprogramma's

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]