Springe nei ynhâld

Jaap Los

Ut Wikipedy
Wite ko
Gerrit

Jaap Los (Harmelen, 28 maart 1946) is in keunstskilder en eardere drogist út Harmelen.

Yn syn jonge jierren spile Jaap Los yn rock&rollband The Magics. Nei de Mulo woe Jaap graach nei de Keunstakademy mar syn heit woe dat er it skildersbedriuw oernimme soe. Jaap besluet doe neist it skilderswurk in drogistoplieding te folgjen en krige yn 1968 in drogisterij. Nei 1988 leit er him ta op it skilderjen. Syn keunstskilderjen begûn yn Bergschenhoek, wêr't hy les krige fan Ad Zuiderent. Tuskentiden hat er mids inkele profesjonele Keunstners en al langer skilderjende amateurs yn it atelier fan Ria Ott yn De Bilt nei model tekene en skildere. Ek hat hy lessen folge by de Ingelske Master: Tom Coates. Hy slút him ek oan by Skildersklub 'De Toets' yn Zeist.

Yn syn atelier yn de buorren fan Harmelen makket Jaap realistysk-figurative oaljeferve- en akrylskilderijen. Hy wurdt ynspirearre troch de deistige dingen om him hinne. It wurk ûntstiet troch in fassinaasje foar minsken. Bûten de figueren binne ek harren stal, hâlding en kleurekombinaasjes fan belang. Syn wurk bestiet benammen út portretskilderijen, mar ek kij en stillibbens.

Jaap Los skildert net yn opdracht en treedt net folle nei bûten. Eksposysjes fan him wienen yn 2009 yn de bibleteek fan Harmelen te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: