Jaïrus
Jaïrus is de namme fan in foarman fan 'e synagoge, dy't yn it Nije Testamint neamd wurdt.
Dochter fan Jaïrus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme wurdt yn de evangeeljes fan Markus (5:21-43), Mattéus (9:18-26) en Lukas (8:49-56) neamd yn ferbân mei ien fan Jezus' wûnderen.
As Jezus mei de boat oer it Mar fan Galilea fart en oan wâl giet, klampt in foarman fan de synagoge Him dêr oan en smeket Jezus mei te kommen nei syn wente, dêr't syn dochter op stjerren leit. De namme fan dizze foarman is Jaïrus. In grutte kloft minsken folget Jezus, Jaïrus en de apostelen nei syn hûs. Mar as hja by it hûs fan Jaïrus oankomme, komme harren guon yn 'e mjitte. Hja fertelle dat it famke al ferstoarn is en dat alle drokte net mear nedich is. Jezus lykwols docht of heart Er dat net en seit tsjin Jaïrus dat hy fertrouwen hâlde moat. Yn 'e hûs wie it in grutte drokte en wylst de kleifroulju harren wurk diene sie Jezus tsjin har: "Wêrom sa'n drokte en wêrom sa jammerje, it bern is ommers net stoarn, it sliept". Nei't Jezus útlake waard troch de minsken stoerde hy se allegear it hûs út en rûn mei de heit en mem nei it famke ta. Jezus naam it ferstoarne famke by de hân en spriek doe yn it Arameesk Talita kum, itjinge "Famke, Ik sis dy, stean op" betsjut. It famke waard wekker en Jezus liet it famke iten helje.