Springe nei ynhâld

Johannes Petrus Hazeu

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan J.P. Hazeu)
Filla (1892) oan it Emmaplein yn Grins (2010)
De wettertoer fan Coevorden (1914) yn 2006

Johannes Petrus Hazeu (Goudswaard, 10 maart 1849 - De Haach, 1 febrewaris 1926), yn fakliteratuer trochgeans J.P. Hazeu neamd, wie in Nederlânske arsjitekt. Hy wenne yn Grins en wurke benammen yn it noarden en easten fan Nederlân. Hazeu ûntwurp ûnder mear filla's en hearehuzen yn Drachten en Grins, en ek in oantal wettertuorren. Ferskate bouwurken fan syn hân binne oanwiisd as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes Petrus Hazeu fan Wikimedia Commons.