Springe nei ynhâld

Maarten Biesheuvel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan J.M.A. Biesheuvel)
Maarten Biesheuvel
skriuwer
Biesheuvel mei it boekewikepresint fan 1988
Biesheuvel mei it boekewikepresint fan 1988
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym J.M.A. Biesheuvel
echte namme Jacob Martinus Arend Biesheuvel
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 maaie 1939
stoarn 30 july 2020
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Koart ferhaal, parody
útjouwer J.M. Meulenhoff, Van Oorschot
prizen P.C. Hooft-priis 2007
jierren aktyf 1972 - 2029
offisjele webside
http://jmabiesheuvel.deds.nl/
Biesheuvel en Elco Brinkman tusken persoanifikaasjes fan de Nederlânske en Flaamske liuw (Boekewike 1988)

Jacob Martinus Arend (Maarten) Biesheuvel (Skiedam, 23 maaie 1939 - Leien, 30 july 2020) wie in Nederlânsk skriuwer. Hy debutearre mei de ferhalebondel In de bovenkooi (1972), wêrmei't er fuortendaliks namme makke. Hy publisearret as J.M.A. Biesheuvel.

Biesheuvel studearre Rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien fan 1960 ôf, en waard lid fan de studinteferiening Catena. Hy skreau foar it ferieningsblêd en foar it Leids Universiteits Blêd. Biesheuvel hie in bysûndere relaasje mei de jurist en essayist Huib Drion en mei de heechleraar Russyske literatuer Karel van het Reve (waans kolleezjes hy folge). Hy neamde him God en hie in yngeande korrespondinsje mei Van het Reve, dy't Biesheuvel syn bysûndere talint erkende.

Hy hat oan it Rapenburg, de Nieuwe Rijn en de Brahmsloane wenne, en wennet anno 2018 noch hieltyd yn Leien, yn in houten hûske mei de namme 'Sunny Home'.

Biesheuvel hat fan jongs ôf te lijen hân fan depresjes ôfwiksele mei perioaden dat er manysk wie (Bipolêre steuring). Maarten Biesheuvel wie troud mei Eva Gütlich (1938-2018) oant har dea op 20 novimber 2018. Maarten Biesheuvel stoar op 30 july 2020 nei in koart siikbêd yn de âldens fan 81 jier.

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 maaie 2007 ûntfong Biesheuvel, foar syn hiele oeuvre, de prestizjeuze P.C. Hooft-priis 2007. April 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Earder wie er al beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Sûnt 2015 bestiet der de J.M.A. Biesheuvelpriis foar de bêste koartferhalebondel.

  • In de bovenkooi (1972)
  • Slechte mensen (1973)
  • Het nut van de wereld (1975)
  • De Weg naar het Licht (1977)
  • Een dag uit het leven van David Windvaantje (1978)
  • De verpletterende werkelijkheid (1979)
  • De merel (1980)
  • Duizend vlinders (1981)
  • Hoe de dieren in de hemel kwamen, voorafgegaan door Die aardige beer (1982)
  • Brommer op zee (1982)
  • De bruid (1982)
  • De steen der wijzen (1983)
  • De wereld moet beter worden (1984)
  • Reis door mijn kamer (1984)
  • Zeeverhalen (1985)
  • De klacht van de dorpsschoolmeester (1985)
  • Eert uw vader en uw moeder (1985)
  • Godencirkel (1986)
  • De angstkunstenaar (1987)
  • Een overtollig mens (1988, boekewikepresint)
  • Biesboek (1988)
  • Konijn (1988)
  • Vijftig verhalen (1989)
  • Carpe diem (1989)
  • Kind / Het wonder (1994)
  • Zes novellen (2001)
  • Oude geschiedenis van Pa, die leefde als een dier want hij schaamde zich nergens voor en hij was erg practisch (2002)
  • Eva's keus (2003, bondel ferhalen, gearstâld troch Eva Gütlich)
  • Verzameld werk (2008, 3 dielen tinprinte)
  • Brief aan Vader (2015), kar út eigen wurk, oanfold mei net earder publisearre ferhalen
  • Verhalen uit het gekkenhuis (2018)
  • Een Schiedamse jongen (2019)
  • Vroeger schreef ik, gevonden verhalen (2021)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]