Jörgen Raymann

Ut Wikipedy
Raymann yn desimber 2012
Jörgen Raymann (2011)

Jörgen Henri Raymann (Amsterdam, 13 augustus 1966) is in Nederlâns-Surinaamsk kabaretier/stand-upcomedian en presintator. Hy presintearet it telefyzjeprogramma Zo Raymann en earder de Comedy Factory by de NPS (no NTR) op Nederlân 3. Teffens treedt hy op yn it teäter.
Sûnt 2005 is Jörgen ambassadeur fan Unicef, lykas Trijntje Oosterhuis, Edwin Evers, Sipke Jan Bousema, Monique van de Ven en Paul van Vliet.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jörgen Raymann waard berne yn Nederlân, mar is tein yn Suriname. Yn Nederlân studearre er ekonomy oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Hy wie dêr lid fan de ynterfakultêre kabaretgroep. Nei de stúdzje gie hy werom er nei Suriname. Dêr hie er in skoft syn eigen restaurant, dêr't mear as ien kear yn de moanne diners foar kabaretiers fersoarge.

Raymann is lid fan het komitee fan oanrekommandaasje fan de Stichting Keunstwurken Leo Glans.

Yn 2007 sette er útein mei it projekt Verder leren dan je neus lang is, nei oanlieding fan it ferheegjen fan de learplichtige leeftiid nei 18 jier. Op 21 augustus 2012 waard hy troch fredesorganisaasje IKV Pax Christi beneamd ta Minister fan Frede.[1]

Programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tek mi fa mi de
  • Na so mi de
  • 2 op 5400 (tegearre mei Norman Van Geerke)
  • Kotabra (de oversteek) (1998) mei Fra Fra Sound
  • Mi Kondre Tru
  • Ay Man, ’t is Jörgen Raymann (1999)
  • Even Slikken (2000)
  • Slaaf of niet verslaafd (2002)
  • In Holland staat mijn Huis (2004)
  • Nummer 13866 (2006 oant ein juny 2007)
  • Familyman (2008)
  • Frede (2010)
  • Twee-eiig (2015) tegearre mei Brainpower
  • Un de ete (2016) yn Suriname

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Raymann praat laat (fan 1999 ôf op de Surinaamske telefyzje)
  • Comedy Factory (1999 oant no)
  • Raymann is Laat (2001 - 2010)
  • zo:Raymann (2011 oant no)
  • De avond van de smaak (ienris)
  • The Passion (2013) - ferteller
  • Dat ding van Tante Es (2015)
  • BAAS Raymann (sûnt oktober 2015)
  • The Roast of Gordon (2016) De roastmaster / presintator
  • De Kleine Lettertjes (2017)
  • It Takes 2 (2018)

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Erik of het klein insectenboek (2004), as holder
  • Kung Fu Panda (2008), as Master Aap (stim) yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
  • Kung Fu Panda 2 (2011), as Master Monkey (stim)
  • Cars 2 (2011), as Ramone (stim)
  • Heksen bestaan niet (2014), as heit fan Katie
  • Bon Bini Holland (2015), as preester
  • Kung Fu Panda 3 (2016), as Master Monkey (stim)
  • The Angry Birds Movie (2016), as Judge Peckinpah (stim)
  • Tuintje in mijn hart (2017), as âlde yndiaan
  • Cars 3 (2017), Ramone (stem)i

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ministerie van Vrede, webstee fan IKV Pax Christi