Iversky-kleaster (Valdajskoje-mar)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Iversky-kleaster

Валдайский Иверский монастырь

Иверский Святоозёрский мужской монастырь.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Flag of Novgorod Oblast.svg Novgorod Oblast
plak Mar fan Valdaj
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier fanôf 1653
webside iveron.ru

It Iversky-kleaster is in Russysk-otterdoks kleaster foar muontsen yn it Russyske Valdajski distrikt yn Novgorod Oblast. It kleaster leit op in eilân yn 'e Valdajskoje-mar, op likernôch 10 km fan de stêd Valdaj.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard op inisjatyf fan patriarch Nikon stifte en is ien fan de trije kleasters dy't troch Nikon boud waarden. De oare twa kleasters dy't Nikon stifte, wiene it Nij-Jeruzalim te Istra en it Kleaster fan it Onega-Krús, op it eilân Kij yn de Wite See.

De bou fan it kleaster begûn yn 1653 en yn de hjerst stiene der al twa houten tsjerken. Om it kleaster waard in houten muorre mei tsien tuorren oanlein. De hjoeddeiske stiennen muorre datearret út de 18e iuw.

It kleaster foarme doedestiids ien fan de meast ynfloedrike kleasters fan Ruslân en it wie in wichtich kultureel sintrum. Der waarden boeken printe en it wie ien fan de earste plakken yn Ruslân dêr't porsleinen tegels produsearre waarden. De namme fan it kleaster is oflaat fan it Iviron Kleaster op de Berch Atos, dat model stie foar it Iversky-kleaster.

Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije

Mei de bou fan de monumintale stiennen katedraal, dy't ynearsten wijd wie oan Us Leaffrou fan Iver, waard yn 1655 úteinset. Nei in brân yn 1704 moast de katedraal renovearre wurde en by dizze gelegenheid waard de katedraal omneamd yn de Katedraal fan de Himelfeart. It ynterieur is beskildere mei fresko's út de 19e iuw. Yn de Sovjet-tiid gyngen likernôch 60% fan de fresko's ferlern, mar yn de jierren 2010 folge in folsleine restauraasje. Ek de âlde 18e iuwske ikonostase oerlibbe de Sovjet-tiid net. De tsjintswurdige ikonostase is in replika, dy't oan de hân fan âlde beskriuwings boud waard.

Yn de 18e iuw naam de betsjutting fan it kleaster stadichoan ôf. Tusken 1712 en 1730 foel it kleaster ûnder it Alexander Nevsky-kleaster te Sint-Petersburch. In grut diel fan de kleasterskat ferdwûn doe nei it Lavra. Yn it midden fan de 19e iuw waard besocht de âlde gloarje fan it kleaster nij libben yn te blazen.

Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster ynearsten omset yn in koöperaasje, dêr't sa'n 70 man wurken. In ynspeksje fan it Folkskommissariaat yn 1927 loek lykwols de konklúzje dat de mienskip noch te bot ferbûn bleau mei it yn it kleaster fereare Teotokos Iverskaja-ikoan. Dit wie de reden foar it opheffen fan de kleastermienskip. It wûnderdiedige ikoan waard út de katedraal helle en ferdwûn. It ikoan is nea werom fûn.

Yn de kleastergebouwen waarden dêrnei in museum, in wurkplaats, in ferpleechynrjochting foar oarlochsslachtoffers, in skoalle foar bern mei tuberkulose ûnderbrocht. Yn de jierren 1970 krige it kleastergebiet in rekréative bestimming.

It kleaster krige syn oarspronklike funksje werom yn 1991, doe't it kompleks oan de Russysk-otterdokske Tsjerke oerdroegen waard. Restauraasjes fan de gebouwen folgen en in kopy fan de Teotocos Iverskaja-ikoan út 1854 waard doe fan de Petrus- en Pauluskatedraal yn Valdaj nei it kleaster oerbrocht.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Faam Marije (1655-1657)
  • Trije Keningen- of Epifanytsjerke (1666-1669)
  • Tsjerke fan de Hillige Jacob Borovitsjky (1702-1708)
  • Aartsingel Michaeltsjerke (1683-1685)
  • De boppe de poarte lizzende Tsjerke fan de Hillige Filip, metropolyt fan Moskou (1873-1874)[1]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]