Ivar Aasen

Ut Wikipedy
Ivar Aasen

Ivar Andreas Aasen (Ørsta yn de regio Sunnmøre, 5 augustus 1813Christiania, 23 septimber 1896) wie in Noarsk botanikus, dichter, toanielskriuwer, taalkundige en de makker fan de twadde Noarske skriuwtaal, it Landsmål (Nynorsk).

Aasen wie in boeresoan út West-Noarwegen. Fan 1843 oant 1846 bereizge er it westen fan it lân en sammele wilens skaaimerken en wurden fan de ferskate dialekten dy't dêr sprutsen waarden. Ut dy dialekten stalde er in skriuwtaal gear; de grammatika publisearre er 1864 en yn 1873 ferskynde it wurdboek fan it Nynorsk. Hy brûkte syn nije taal sels yn literêre teksten en krige rillegau in protte oanhingers. Yn 1892 waard it Landsmål (de lânstaal) lyksteld oan it Riksmål (de rykstaal).

Taaljier 2013[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Språkåret 2013 (it taaljier 2013) fierde Ivar Aasen syn 200e jierdei,[1] en de hûndertste jierdei fan Det Norske Teateret. De klam yn Språkåret 2013 lei op it taalferskaat yn Noarwegen.[2] De krante Bergens Tidende, dy't gewoanwei yn it bokmål publisearret, publisearre 5 augustus 2013 in edysje yn it nynorsk ta oantins fan Aasen.[3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nina Berglund: Language creator hailed and decried News in English, rieplachte 5 augustus 2013
  2. Språkåret 2013 Språkåret.no, sjoen 5 augustus 2013
  3. Gard Steiro (5 augustus 2013): Lenge leve spynorsken Bergens Tidende, rieplachte 5 augustus 2013