Ivan Krylov
Ivan Andrejevitsj Krylov (Russysk: Иван Андреевич Крылов) (Moskou, 13 septimber 1769 — Sint-Petersburch, 21 novimber 1844) wie een Russysk fabelskriuwer.
Tusken 1809 en 1843 skreau Krylov mear as 200 fabels. Santich dêrfan ûntliende er oan wurk fan Lafontaine en Aesopus. Krylov makke gebrûk fan de Russyske sprektaal en makke syn wurk dêrmei tagonklik foar de gewoane man. Ek wurdt hy faak om de hege kwaliteit fan syn Russysk priizge. Yn 1823 is er ûnderskiede mei in gouden medalje troch de 'Russyske Akadeemje foar Literêre wurken'. Al yn 1842 ferskynde in Dútske oersetting fan in oantal fabels. Dat Krylov populêr wie, docht bliken út it oantal ferkochte bondels: doe't er yn 1844 stoar, wiene der 77.000 eksemplaren fan syn sammele fabels ferkocht, dat wie net earder sjoen yn dy tiid. Oant de dei fan hjoed stiet Krylov bekend as dè Russyske fabelskriuwer.
Neffens ynhâld kin men trije groepen fabels ûnderskiede.
- Fabels mei krityk op it algemien minsklik tekoart.
- Fabels mei krityk op sosjale tastannen yn Ruslân.
- Histoaryske fabels.
5247 Krylov is in asteroide ûntdutsen op 20 oktober, 1982 en neamd nei dizze skriuwer.
Seleksje fan fabels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1807 - 'Foks en Kraai'; 'It doaske'; 'Kikkert en bil'; 'It Orakel'; 'Kluzener en Bear'; 'De boer en de Dea'.
- 1812 - 'Kraai en Fûgel'; 'Diele meiinoar'; 'De wolf yn 'e hûnehokken'; 'In Trein fan Weinen'.